• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Yn in flok en in sucht makken de Strik
  • Bauke Bos ferslacht Marten Walinga yn
  • Tineke stiet ien efter en stiet ien fo
  • Toto - lotting Fryslancup
  • Oprop Littenseradielpartij
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Der hat in tiid west, dat....

    Der hat in tiid west, dat der dammers wienen, dy’t nea in damjûn oersloegen. Dy’t der jierdeifieringen om ferskoden en har griperich wêzen even fergeaten en mei sjippeglêde diken de sokken oer de skuon diene om feilich op it damplak te kommen. Dy tiid hat der west, mar is no foarby op in rudimintêr oerbliuwsel nei.

    By de Strikers is it ek sa. De iene komt út Spanje wei en twa oaren binne der hinne. Of guon oaren moatte  foar it wurk oan de slach. Miskien hie Hiddink mei syn sloppe mannen moandeitejûn mear oanlûkingskrêft as de stridende Stadige Strikers. Hoe dan ek moandei wienen der sa mar seis dammers minder as in wike lyn. No hindere dat fierders neat, want elk fan de oanwêzigen koe damme. It wie in even oantal en moai ferdield oer de heechste en leechste klasse. Mei in damkompetysje kin men wol ris in jûn snipperje. Nije wike binne de measten wer presint, sille wy mar rekkenje.

    Troch dy tolve waarden der prachtige partijen spile, hoewol de spullen yn de leechste klasse te gau út wienen. Hoe oars wie dat mei de oare groep. Bauke Dykstra en Ype Boelens, beide mannen wienen noch puntleas, woenen fansels stomme graach it earste heale of hele punt binnen helje. In hiel nijsgjirrich einstantsje kaam op it boerd. Elk hie in daam. En dan kin men de eagen mar goed iepen hâlde, want dy dammen yn it Fryske spul hawwe in tige grut berik. Se wurde ek net foar neat de grutte boaze wolf neamd. Sa’n wolf kin as it tsjin sit sa mar wat houtsjes fan jin ôf veYpe hie noch trije en Bauke noch twa houtsjes. Dy fan Ype stûnen rûnom op it boerd en dy fan Bauke stiif neist elkoar yn de lange hoeke. In sterk ferdidegingsblok mei de daam der by.

    It wie spitich, mar Boelens seach it gefaar wat der wankte net en ferlear dêrtroch, wylst kamp rjochtfeardiger west hie. Rjochtfeardichheid telt net yn in Fryske damspul. Dêrfoar moatte jo earne oars wêze.

    It wie in spul as in gatsjepanne, soe men sa op it earste gesicht tinke. It iene gat moast sa no en dan mei it oare stoppe wurde en dochs kamen der gjin rare slaggen yn. Wy ha it hjir oar de partij fan de jûn tusken Willem Schaap en Jelle Wiersma. As tydlike taskôger sjogge jo faaks mar de helte fan alle mooglikheden. Fan beide kanten waard der striid levere en it like der op dat Willem better út de bus kaam. Dochs koe Jelle sa strike dat er wer oan it langste ein luts. Mei in moai flypflapke wûn er de partij. Der siet ek noch wat oars yn, mar Jelle die it sa as er it yn it kopke hie en it kaam nei in streek as seis krekt út sa as er it berekkene hie. De grutmaster sels wie oan it wurk en dat koe men sjen.

    Utslaggen: Bauke Dykstra – Ype Boelens 1 – 0; Willem Schaap – Jelle Wiersma 0 – 1; Cor Kooistra – Sjoerd jan Bakker 1 – 0; Marjolijn Bakker – Rients Winia 0 – 1; Hennie de Haan – Tsjerk Wiersma 1 – 0; Bauke de Boer – Bauke Bos 1 – 0.

    New layer...


    << Werom


    Sponsors:

    • Narwal
    • Wiersma Wommels
    • Noflik
    • Leanbedriuw Okkema
    • Rabobank
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • D. Kuipers
    • Walinga
    • Lip en partners
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Repko Sneek
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Attema Heeg
    Dizze webside is mei mooglik makke troch