• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • BYPRATER Grutmastertoernoai Frjentsjer 2015

     

     

    Bêste dammers,

     

    It wurdt wer heech tiid om jim op ’e hichte te bringen fan it riden en farren om it Grutmastertoernoai yn Frjentsjer hinne. Ek fierders binne der in pear aktiviteiten fan ús stifting dêr’t wy jim graach mei op ’e hichte bringe.

     

    1) Alderearst: op ’e lêste Bûnsgearkomste die bliken, dat guon dammers deroan wenne moatte dat der no in aparte stifting is dy’t in toernoai organisearret. Dêr hawwe wy sels ek oan wenne moatten, mar it punt is: grutte toernoaien hâlde ek altyd in beskaat finansjeel risiko yn. Dêrom is it yn ’e ynternasjonale damwrâld al jierren wizânsje, dat foar grutte en benammen ynternasjonale toernoaien aparte stiftings besteane. Sa wurde de toernoaien Heerhugowaard Open en Amersfoort Open, dy’t elk jier holden wurde, hieltyd troch in eigen stifting organisearre. Utsoarte giet alles wol ûnder de paraplu fan it ynternasjonale dambûn, mar foar de organisaasje is it wol sa feilich om in aparte rjochtspersoan te hawwen.

     

    2) Aardich om te melden fine wy, dat op ferskate ynternasjonale toernoaien dizze simmer (Pardubice yn Tsjechië en Bacoli yn Itaalje) ek Frysk damd is. Dat barde benammen op ’e ynformele mominten en bûten it offisjele toernoai om, mar hieltyd mear ynternasjonale dammers pebearje it Fryske spul. Dêr binne wy fansels hiel wiis mei.

     

    3) Mar net alles giet sa’t wy it yn Lollum en Waaksens betinke. Wy woene it dit jier sa fier krije, dat der yn oare lannen in pear toernoaien Frysk damd waard, dat de winners fan dy toernoaien har sa pleatse koene foar it ‘ynternasjonale’ toernoai yn Frjentsjer. Mar dat falt ôf. Dat komt benammen - skrik net - omdat der folle en folle minder spilers fan it Hollânske spul (om it sa mar eefkes te neamen) bûten Nederlân sitte, as dat wy altyd tochten. Yn Itaalje bygelyks, dêr’t it Dambûn 3000 leden hat, spylje hast al dy leden allinnich mar it Italjaanske spul, dus op in skaakboerd (of better sein: in lyts damboerd). Mar in stik as 50 fan dy 3000 spylje op in grut boerd, dus ynternasjonaal (of Hollânsk). Mar it Italjaanske Dambûn is wol mei al syn 3000 leden oansletten by it Wrâlddambûn ... dus it liket mei it ynternasjonale spul soms folle mear as dat it is. Yn Ruslân itselde: in grut dambûn, mar hast al dy dammers spylje op in lyts boerd. Op it grutte boerd spylje yn Ruslân ek mar in hantsjefol minsken. Dochs moatte wy it fan de Hollânske oftewol grutte-boerd-spilers yn it bûtenlân hawwe. Om fan it lytse boerd yn ien kear nei it grutte boerd en dan ek noch mei de Fryske regels, dat giet te hurd.

     

    4) Wêr komme de ynternasjonale spilers fan it Hollânske spul op ôf? Op grutte, iepen toernoaien mei in prizepot fan in pear tûzen euro. Dêrom hawwe wy ús opset foar Frjentsjer 2015 oanpast. Wy organisearje in Fryslân Iepen-toernoai, dêr’t alle dammers fan ’e hiele wrâld oan meidwaan meie. Mar fansels wol op in grut boerd, neffens de Fryske regels. Dat toernoai wurdt werskynlik holden fan tiisdei oant en mei sneon, 24-28 maart 2015. Wy hawwe dan romte foar 32 ynternasjonale dammers. De boppeste fjouwer fan dy 32 spylje dan har eigen ‘ynternasjonale’ grutmastertoernoai; de oaren dogge mei oan it einspultoernoai. Sliepplak en spylromte binne al regele. Wy mikke op in prizepot foar de ynternasjonale dammers fan goed € 3000.

     

    5) Doe fregen wy ús ôf: moatte de Fryske dammers mei minder as de ynternasjonale spilers? Neffens ús net. Dêrom wolle wy der in mingd toernoai fan meitsje: ynternasjonale spilers, en spilers dy’t oansluten binne by it Dambûn Frysk Spul, yn totaal maksimaal 64 dammers. Alles damt troch elkoar, allinnich der binne noch twa prizepotten, omdat nei alle gedachten de Fryske dammers no noch te sterk wêze sille foar de ynternasjonale gasten. Foar beide groepen, Fryske dammers en ynternasjonale dammers, is der dus in prizepot fan goed € 3000, ynklusyf foar beide groepen in grutmastertoernoai op freedtejûn en sneon oerdei. Mochten wy net oan 64 dammers ta komme, dan wurdt de pot fansels ek lytser, en it prizejild wurdt neffens rato ferdield oer ynternasjonale en Fryske dammers: binne der likefolle fan beide groepen, dan is foar beide groepen likefolle beskikber, binne der bygelyks mar 20 Fryske dammers en 40 ynternasjonale dammers, dan is de ferhâlding fan it prizejild ek 1 op 2. It pleatsingstoernoai yn Lollum ferfalt: alle Fryske dammers kinne har pleatse fia it meardaachs toernoai; de heechste fjouwer spylje it grutmastertoernoai, foar alle oare dammers is der sneon oerdei noch in einspultoernoai.

     

    6) As lêste, en hiel wat oars: op it lêste Grutmastertoernoai hat ynternasjonaal wrâldkampioen Georgiev tasein dat er ree is om in twakamp te spyljen mei ús eigen wrâldkampioen Teake Kooistra: twa spullen Frysk, en twa spullen Hollânsk. Wy hiene dat fan ’t hjerst organisearje wollen, mar mei de ynternasjonale sitewaasje en de spanning tusken Ruslân en it westen fan Europa hawwe wy besletten om it earst noch eefkes oan te sjen. Mar it bliuwt in moai nijtsje, en wy hoopje dat de twakamp yn ’e rin fan it kommende seizoen dochs noch syn beslach krijt!

     

    Sa fier earst wer, mei hertlike groetnis,

     

    Marten Walinga

    Liuwe Westra



    << Werom


    Sponsors:

    • Lip en partners
    • Repko Sneek
    • Attema Heeg
    • D. Kuipers
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Leanbedriuw Okkema
    • Noflik
    • Wiersma Wommels
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Rabobank
    • Walinga
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Narwal
    Dizze webside is mei mooglik makke troch