• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Twa froulju binne dy Bauke Bos net te
  • Sjoerd Huitema giet fuortendalik oan k
  • Nijeling Sjoerd Huitema is in rappe le
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ășt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Aldegeasters winne de karbonades

     

    Yn de kantine fan kampearbuorkerij Ykema wie op freed 24 oktober de ynset it 13-e kampioenskip fan Sânfurd en in heale baarch oan karbonades. It measte fleis bedarre by de Aldegeasters. Sy wûnen de measte prizen, De wichtichste wie foar Henk Haanstra. Alle seis omlopen wûn er en is dus de nije kampioen. Folkert Groenveld en Willem Schaap gienen troch de klok en Jelle Wiersma waard nei in flaterke yn it middenspul dellein. Der waard troch de 32 dielnimmers fûleindich damd en hast gjin inkeld spul waard kamp. Willem Hoekstra, ek al fan Aldegea, wûn it yn de twadde groep. Sterk wie it damjen fan Sjouke Attema fan De Gaastmar mei in 10-e plak op de einlist. Sommige dammers wienen al wat huverich om it tsjin Beke Haanstra op te nimmen. Hy wie krekt werom fan in trip nei Súd-Afrika en guon woenen ha dat er dêr wat skipe hie. Thúsdammer Murk Nijdam fan Wommels makke yndruk mei moaie kombinaasjes en de winst yn de tredde klasse. Dat gie ûnder mear sa. It is al hiel âlde téory fan Jurjen Tolsma. Guon dammers rûnen der op kop en earen yn.

    1.35-30 Dit is in set dy’t eins net mear spile wurdt. Mar as der net safolle tinktiid is kin it swart raar by de boksen ynsige. 1. …20-25 fansels. 2.40-35 14-20 In set dy’t gau spile wurdt. Nei 2. …18-22 soe wyt it wol dreech krije. Mar no hellet wyt út en skrikt de swart-spiler.

     

     

     

    3.45-40! 25x45 4.30-25! 15x35 5.33-28! 35x22 6.36-31 45x34

    7.44x15 5x25 8.31-26 16x27 8.32x5 En dan stiet der samar in grouwe daam.

    De útslaggen, mei tusken heakjes de stân op de einlist:

    Eareklasse-I 1.Henk Haanstra, Aldegea-SWF(1.); 2.Jelle Wiersma, Wommels(2.) 3.Folkert Groenveld, Jutryp(5); Eareklasse-II 1.Willem Hoekstra, Aldegea-SWF(2.); 2.Fedde Wiersma, Easterein(4.); 3.Bauke Dijkstra, Tynje(6.);

    Haadklasse A 1.ReinJan Walinga, Aldegea-SWF(11.); 2.Marcel Altena, Blauhús(14.); 3.Bernard Kroon, Blauhús(15.); Earste Klasse 1.Sjouke Attema, De Gaastmar(10.); 2.Herman Terwisscha van Scheltinga, Nijlân(12.); 3.Johannes Hoekstra, Aldegea-SWF(16.);

    Twadde Klasse 1.Beke Haanstra, Aldegea-SWF(20.); 2.Jan Nauta, Bitgummole(24.); 3.Sietse de Jong, Aldegea-SWF(30.);

    Tredde Klasse-I 1.Jolke Groenveld, Sânfurd(22.); 2.Lammert Stegenga, Aldegea-SWF(26.); 3.Fokke Walinga, Aldegea-SWF(27.);



    << Werom


    Sponsors:

    • Wiersma Wommels
    • Attema Heeg
    • Lip en partners
    • Narwal
    • Leanbedriuw Okkema
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Noflik
    • Rabobank
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Repko Sneek
    • Walinga
    • D. Kuipers
    Dizze webside is mei mooglik makke troch