• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Twa froulju binne dy Bauke Bos net te
  • Sjoerd Huitema giet fuortendalik oan k
  • Nijeling Sjoerd Huitema is in rappe le
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ășt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • De earste kear bliuwt jin faak lang by.

     

    De Stadige Strikers witte fansels net as it boppesteande ek foar Sven Kalsbeek jilde sil. Oan syn hiele útstrieling te sjen nei de partij dy’t er wûn hie, soe dat bêst wol ris kinne. “Noch noait hie ik fan Hennie wûn!”sa sei er. “Meastal die ik in stom streekje tsjin har en dan gyng ik it skip wer yn, mar diskear makke ik gelokkich gjin rare blunders!”

    Dat wie dus in prachtige punt foar Sven, want dy Hennie de Haan is net foar de poes. Dy moatte jo goed yn de gaten hâlde. Se kin sa no en dan hiel sterk út de hoeke komme. Moandeitejûn moast se it dus ôflizze tsjin ús Benjamin. Dy Benjamin glom nei de winst fansels fan ear oant ear. En dat kin men fan tinken wol ha. De earste kear tsjin har winne, jout fansels in hiel lekker gefoel.

    Foar Ynte Dykstra wie it de earste kear dat er dit damskoft op de klupjûn kaam. Troch drokte op it wurk siet it der oant dan noch net yn om te kommen. Dizze earste kear moast er it opnimme tsjin Harry Postma. Dan kinne jo der fuort mar goed tsjin oan oars pakt dy Harry jin sa mar yn mei syn frjemde streken. No komt Harry meastal wat letter en dêrom stjoerde Ynte alfêst mar in WhatsAppke mei de tekst: De klok rint Harry! Dat wie fansels in geintsje, mar Harry antwurde mei OK. Hy kaam fuort dêrnei it Swettehûs binnen en se gyngen der fuort plat foar. It spul ferrûn frij gelyk op, mar Ynte hie yn syn lange hoeke sa as wol faker in te foarlik houtsje stean. Harry hold dêrtroch syn hiele lange hoeke yn betwang. Yn de koarte hoeke koe Ynte noch wol in driging skowe, mar dêr rûn Harry fansels net yn. Doe moast Ynte wer it ien en oar ferbrekke en ferlear. Doe’t er binnen kaam sei er noch dat er op 100 persint winst stûn, mar no stiet er mei itselde persintaazje op ferlies! It kin gau feroarje!

    It wie ek de earste kear dat Dicky van der Meer en Jacob Wietse Visser yn in kompetysje fan de Strikers elkoars opponinten wienen. In moaie partij kaam der nei wat praat oer de derby op it Hearrefean op it boerd. Doe’t it nei de einfaze rûn, like Dicky it bettere fan it spul te hawwen. Jacob seach net mear in oare mooglikheid as om in houtsje fuort te jaan. Lykwols wie dat net sa mar in offer. Nee der siet in goed plan efter en dat waard moai út spile. Mei it houtsje minder loek Jacob dochs oan it langste ein.

    Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Jelle Wiersma 0 – 1; Jacob Wietse Visser – Dicky van der Meer 1 – 0; Tineke Teigeler – Marjolijn Bakker 1 – 0; Hennie de Haan – Sven Kalsbeek 0 – 1; Rients Winia – Bauke de Boer 1 – 0; Cor Kooistra – Bauke Dykstra ½ - ½; Bauke Bos – Tineke Teigeler 1 – 0; Harry Postma – Ynte Dykstra 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Attema Heeg
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Rabobank
    • Narwal
    • Noflik
    • Wiersma Wommels
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Repko Sneek
    • D. Kuipers
    • Leanbedriuw Okkema
    • Walinga
    • Lip en partners
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Makelaardij Jan de Lange
    Dizze webside is mei mooglik makke troch