Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2018
  • Oprop Wapenpartij
  • De kampioen lit him fan syn goeie kant
  • Fryslankup 2018 - 2019
  • Sjoerd Huitema wat yn de war: Hy tocht
  • FRYSLÂNCUP 2018-2019
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • In fersûpte kat yn it Terphûs

     

    Moandei 20 oktober wie de 3e kompetysjejûn. Sa as altiid komt Klaas Abma rinnende fan de pleats nei It Terphûs. Hy tocht tusken twa buien droech oer te kommen, mar dat misleare: hy kaam as in fersûpte kat oan! Mar gjin need: Simone waard skille en sy kaam as in spear mei in droege broek en sokken nei it lokaal. Dêrnei koe Klaas de striid wer oangean tsjin dizze kear Germ Bruinsma út Wommels. Klaas kaam yn it middenspul 2 houtsjes foar en wist ek dizze wedstriid te winnen. Dêrmei stiet Klaas op it earste plak yn de kompetysje, ek al om’t Teake Kooistra ferlear fan Hein de Vries.

     

    It wie ek de jûn fan dammers dy’t net komme soene, mar der wol wiene. Sjouke de Boer hie net tocht dat er permisje krije soe om nei it damjen te gean, omdat hy en Gryt de 47e troudei fierden. Mar alle besite wat komme koe hie oerdei al west, dat hy mocht fan Gryt de jûns wol nei Hartwert ta om te damjen. Jan Bouma hie him in wike fersint mei in gearkomste fan tsjerke.

    Mar sawol Sjouke as Jan wiene blykber net goed taret op dizze jûn: beiden ferlearen, mar benammen yn de party fan Jan tsjin Fedde hie dat ek hiel oars ferrinne kinnen. Sawol Jan as Fedde mienden dat de 39e set fan Fedde de winnende wie, mar beiden hiene in mooglike plakker fan Jan oer de kop sjoen. Dan is it altyd moai dat it omsittend laach (yn dit gefal Tjerk Wybenga) soks wol sjoen hat. Dit einspûltsje komt de kommende tiid noch wolris yn Oer Alles.

     

    Alle útslaggen fan 20 oktober:

    Herman Terwisga van Scheltinga – Piet Sikma 1 – 0

    Tjerk Wijbenga – Sjouke de Boer 1 – 0

    Fedde Wiersma – Jan Bouma 1 – 0

    Klaas Wiersma – Lieuwe Eringa 1 – 0

    Hein de Vries – Teake Kooistra 1 – 0

    Thom Vellinga – Siebe Elzinga 0 – 1

    Germ Bruinsma – Klaas Abma 0 – 1

    Ids Boersma – Jesse Boschma 0 – 1



    << Werom


    Sponsors:

    • Wiersma Wommels
    • Narwal
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Noflik
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Attema Heeg
    • Repko Sneek
    • Walinga
    • Rabobank
    • D. Kuipers
    • Leanbedriuw Okkema
    • Lip en partners
    • Zeinstra Blauwhuis
    Dizze webside is mei mooglik makke troch