• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Wintertiid by de Stadige Strikers

     

    It moaie fan in groepsapp is dat je elts momint kontakt ha kinne meielkoar en sa ek by de Stadige Strikers. Somtiden rammelt dy tillefoan oan ien tried wei. Sneon gyng de wintertiid yn en dit wie foar in inkeld lid ek stof om oer te skriuwen. Dizze Striker, Harry Postma, koe neffens himsels wol mei in heal oere tinktiid ta. Dyselde Harry waard troch de kompetysjelieder fuort tsjin de troch de measten net te bedammen Jelle Wiersma pleatst en it die bliken dat er yndied wol mei in heal oere ta koe, of better sein, fiif minuten wie ek wol goed west, want it spul wie samar ut. Hy die nei in pear streken de minste set dy’t er dwaan koe en tsjin Jelle kin dit net, want dy makke it spul gau ut. We geane der mar fan út dat dit in útsûndering wie, want yn de measte gefallen hat Harry de oardel oere betinktiid wol nedich en oars moat de namme fan de klup ek noch feroare wurde. Yn de ûnderste groep wie Bauke de Boer ek rap klear. Us nestor is noch aardich skerp en as syn tsjinstanner har dan ek noch fersjocht, is hy der rap klear mei. Ek Sjoerd Jan Bakker, dy’t dizze jûn net in spiler hie, damme nei de tiid noch in aardichheidsje tsjin Be Boer en hie klauwen om te winnen. De oaren hiene de tiid wol nedich. It groepke wie dizze jûn net sa grut, mar tsien man en froulju. De iene makket de reden fan ôfwêzichheid net bekend en dat hoecht fansels ek net. Ien persoan wie op ‘e flecht slein. De skilder kaam yn hûs om te fervjen en dêrom gyng hy te rinnen. Wy hoopje dat er it paad werom fine kin en nije wike it paad nei it Swettehûs wer fine kin. Om healwei tsienen wie hast alles al ut. Ien partij wie noch oan ‘e gong, de partij tusken Willem Schaap en Ype Boelens, de iene mei in soad tiid en de oare mei de helte minder tiid. Sneu wie dat Ype, dejinge mei in protte tiid, him ferseach en der gjin salve mear oan te striken wie.

    Utslaggen: Tineke Teigeler - Bauke de Boer 0-1, Marjolijn Bakker – Bauke Bos 0-1, Hennie de Haan – Rients Wijnia 0-1, Willem Schaap – Ype Boelens 0-1, Jelle Wiersma- Harry Postma 1-0



    << Werom


    Sponsors:

    • Noflik
    • Leanbedriuw Okkema
    • Lip en partners
    • Rabobank
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Attema Heeg
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Narwal
    • Wiersma Wommels
    • Repko Sneek
    • D. Kuipers
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Walinga
    Dizze webside is mei mooglik makke troch