• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Hennie wie wat te rap mei foute boel.

     

    Stadige Strykster Hennie de Haan die in ûnderstreek en sei fuort dêrop: “Foute boel!” Men moat as men in set dien hat dy net goed is, de mûle ticht hâlde. Al sjogge josels wol dat it hartstikkende ferkeard is: stilhâlde! Neat sizze! Lit de tsjinstanner it mar út fine.

    Dat it in ferkearde streek wie, wie sa klear as in klûntsje. Tsjinstanner Rients Winia, oant no ta noch mei in hûndert persint skoare, koe twa houtsjes foar komme. Hy hoegde dêr eins neat foar te dwaan. Moast Hennie gewoan slaan litte en dan koe er trije werom pakke. Foute boel fansels dat seach elk fan it omsittend laach. Winia seach it sels oars en skode ticht. Doe wie in noch wol in foute boel foar Hennie mei dit ferskil dat se no ien achter kaam.  It spul gyng fierder en Winia hie blykber net hielendal syn jûn. Uteinlik wie it net foar Hennie in foute boel, mar foar Winia. Dy kin no wer gewoan syn skoan goed oan dwaan, want hy begûn der al wat njonken te rinnen. Hennie de Haan wie fansels wakker op ‘e trie nei dit wolkomme winstpunt tsjin de koprinner.

    In pear wike lyn gyng it oer de earste kear. Moandei wie der wer sa’n sitewaasje. Ynte Dykstra wûn foar de earste kear tsjin Cor Kooistra. De lêste makke wer ris sa’n foutsje dat him al folle faker soer opbrutsen is. Hy wie wakker oan it foarút tinken en konstatearre dat it nei alle gedachten kamp wurde soe. Mar mei al syn gerekken seach er net dat der in grutte falle iepen stie. Hiel maklik te sjen dat ek noch, mar Kooistra rekkene der net op dat dy Ynte Dykstra sokke rare streken yn it sin hie. Hy skode in hout en Ynte wie frij gau mei de tsjinset. Hy joech trije houtjses en sloech twa. Dat kin net út soe men sa tinke, mar foar him wol. Nei twa streken hie er in daam, wylst Cor syn beide houtsjes dêr te fier foar fuort wienen. Foar Kooistra dus in foute boel.

    Utslaggen: Sjoerd jan Bakker – Willem Schaap ½ - ½; Ynte Dykstra – Cor Kooistra 1 – 0; Rients Winia – Hennie de Haan 0 – 1; Bauke Bos – Bauke de Boer 0 – 1; Harry Postma – Kees Willem Koopmans 1 – 0; Bauke Dykstra – Jacob Wietse Visser 1 – 0.

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Narwal
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • D. Kuipers
    • Lip en partners
    • Repko Sneek
    • Noflik
    • Attema Heeg
    • Leanbedriuw Okkema
    • Wiersma Wommels
    • Walinga
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Rabobank
    • Zeinstra Blauwhuis
    Dizze webside is mei mooglik makke troch