• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Sjoerd Huitema giet fuortendalik oan k
  • Nijeling Sjoerd Huitema is in rappe le
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Nee sizze en ja dwaan.

     

    Al trije wiken hie er der net west by de Strikers. De foarsitter naam moandei op de neimiddei kontakt mei him op. De tillefoan is mei sokke putsjes gewillich. Tsjerk oan de oare kant sei: “It past my op ’t heden eins net. Ik ha it te drok mei myn oare spultsje, wist wol it sjeu de boelen. Miskien nije wike wol wer , mar jûn noch net! De foarsitter melde jûns by kompetysjelieder Willem Schaap, dat Tsjerk Wiersma net fan de partij wêze soe. Hy soe der rekken mei hâlde by it yndielen.  Willem hie it krekt sa’n bytsje yn oarder en dêr stapte in jongkeardel fan 86 jier de bar fan it Swettehûs yn. “Ik hie it mei de oare spilers fan it sjeu de boel regele en doe bin ik fuortendaliks hjirhinne stood. It wie moai waar te fytsen, dat sadwaande Nee sizze en ja dwaan.

    Hy is in aktyf baaske. Al sa âld, mar likegoed noch warber op ferskillend mêd. Moandeitemiddei hie er de hiele middei al skaakt. Fierders troch de wike sjeu de boel en âld papier op helje foar de tsjerke en dan ek noch damje. Ja dy Tsjerk is in aktyf baaske, dat jout neat. Yn it spul kaam er der net earlik oan te pas. Bauke Bos krige net folle om benaud foar te wurden. Hy wûn dan ek al gau en sa koe Tsjerk wer op it fytske stappe. Moai dat er der wie.

    Rients Wijnia hat syn earste punten te pakken yn de spek-en-brea-kompetysje. Ja de Strikers ha no ek in spek-en-brea-kompetysje. Yn dy kompetysje giet it tusken in dammer út de tredde groep en ien út de twadde. Normaal spylje dy net tsjin elkoar, mar as der yn beide groepen ien oerbliuwt dan kinne dyn twa om spek en brea damme.

    Wijnia moast it opnimme tsjin Harry Postma. Harry begjint meastal mei de Germ Terpstra iepening. No ek wer. Wijnia wit dêr wol rie mei. Ferline jier wûn er fan Harry. Moandeitejûn die er dat op ‘e nij. Harry koe foar it ferliezen noch in doekje foar it bloeden fine troch te sizzen, dat er net fan spek en brea hold. Ja, ja.

    De nestor fan de klup liet dizze jûn ferstek gean. Hy fierde thús syn 92ste bertedei. Sa âld en dan noch alle wiken damje is fansels in merakel. Alle wiken komt er hjir mei Hennie de Haan. Moandei wie sy allinne en ek sûnder krukken. It damjen gyng ek as it slydjage. Sy wûn en hie dêr net safolle tiid foar nedich. Jelle Wiersma en Sjoerd Jan Bakker wûnen beide ek yn sneltreinfaart. Willem Schaap en Cor Kooistra sieten noch it langste en hienen hast harren beskikbere tiid opbrûkt.

    Utslaggen: Bauke Dykstra – Jelle Wiersma 0 – 1; Cor Kooistra – Willem Schaap 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Ype Boelens 1 – 0; Hennie de Haan – Tineke Teigeler 1 – 0; Marjolijn Bakker – Sven Kalsbeek 0 – 1; Ynte Dykstra – Kees Willem Koopmans 0 – 1; Bauke Bos – Tsjerk Wiersma 1 – 0; Rients Wijnia – Harry Postma 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Leanbedriuw Okkema
    • Repko Sneek
    • Rabobank
    • D. Kuipers
    • Wiersma Wommels
    • Lip en partners
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Walinga
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Narwal
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Attema Heeg
    • Noflik
    Dizze webside is mei mooglik makke troch