• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Foeke Tiemensma kampioen Littenseradiel

     

     

    It Iepen Kampioenskip fan Littenseradiel, ferspile op 'e tiisdeitejûnen 4 en 11 novimber yn Jorwert, is wûn troch Foeke Tiemensma fan Frjentsjer. Hy wûn alle fjouwer partijen, en dan binne jo de terjochte winner. Twadde en tredde waarden Jelle Wiersma (Wommels) en Willem Dykstra (Jorwert), ex aequo mei 3 punten en ek noch ris in lyk SB-totaal. Yn 'e twadde groep gong de Hilaaarder Rinze Schukken mei de beker nei hûs, en Jan de Jong wie de grutske winner fan 'e tredde groep.

     

    De basis fan Tiemensma syn triomf waard lein yn 'e twadde omloop. Hy moast it doe opnimme tsjin Jelle Wiersma, neidat beide spilers yn harren earste partij al in punt efter har namme skreaun hiene, tsjin respektyflik Willem Hoekstra en Fedde Wiersma. Nei in sprankeljende partij luts Tiemensma oan 'e langste ein, en gong dus al as koprinder de twadde jûn yn. Doe moast er earst tsjin Bauke Dijkstra (De Tynje), dy't wat ferrassend ek syn beide earste partijen efter syn namme skreaun hie. Bauke hie tsjin Foeke lykwols gjin kâns, en soe nammers syn twadde partij fan dy jûn, tsjin Jelle Wiersma, ek ferlieze.

     

    Yn 'e heechste groep sieten njoggen dielnimmers dy't har spoaren yn 'e trije achten fan it persoanlik kampioenskip de lêste jierren al wol fertsjinne hoene. It wie dan ek in grutte ferrassing dat nûmer tsien, de Jorwerter Willem Dykstra, úteinliks dield twadde waard. Trochdat er syn wurk yn Utert hat, stiet Willem syn aktyf damjen al jierren op in hiel leech pitsje. Hy moast der ek wer wat ynkomme, want syn earste partij ferlear er tsjin Waaksenser Marten Walinga. Mar dêrnei fersloech er Fedde Wiersma (Easterein), klupgenoat Kees Tijssen (Reduzum) en Folkert Groenveld (De Jutryp). En dan te betinken dat Dykstra ek noch noed stie foar de organisaasje fan it toernoai, dat er berêde sûnder help fan in kompûter. It is dêr nammers yn Jorwert noch it eale hantwurk dat foar master opslacht. Sa binne de klokken der ek noch gewoan analooch.

     

    Yn 'e twadde groep, dy't bestie út seis dammers dy't op promovendus Douwe Namminga (Winsum) nei allegearre lid wiene fan it Jorwerter OKK, wie Rinze Schukken út Hilaard de dúdlike favoryt. Hy makke dy rol ek folslein wier. Wat ta syn eigen ferrassing waard Siebren Dyk hjir twadde. Dat kaam foaral omdat er yn 'e earste omloop Harry Kaspers fersloech. Kaspers koe oars wol grutsk wêze, want hy skeau de iennichste remize fan it toernoai, tsjin  Douwe Namminga, op syn namme.

     

    Jan de Jong fan Ljouwert wûn yn 'e tredde groep al syn partijen, en mocht dus mei in doaze mei in grutte fariëteit oan fleisguod wer nei hûs ta. Fokke Looijenga út Weidum, op damgebiet de deeglikheid yn eigen persoan, pikte de twadde priis yn. Yn dizze klasse mochten mar leafst trije húsdammers begroete wurde. De Wommelsers Murk Nijdam en Pieter Breeuwsma krije oars yn har wenplak damles fan doarpsgenoat Jelle Wiersma, en woene no wol ris sjen oft se yn 'e echte damwrâld al in bytsje meikomme kinne. Foar Breeuwsma foel dat ôf, mar Nijdam kaam wol moai op twa punten út. De oare húsdammer wie Emke Dykstra, de nije Jorwerter kroechbaas, dy't der op it lêste momint byskuord waard om op in even tal dielnimmers út te kommen. En dat smiet úteinliks ek in punt op.

     

    De einstannen wiene as folget (SB-punten tusken heakjes):

     

    A-klasse

    Foeke Tiemensma (Frjentsjer)4 punten

    Jelle Wiersma (Wommels)3 (13,5)

    Willem Dykstra (Jorwert)3 (13,5)

    Bauke Dijkstra (De Tynje)2

    Marten Walinga (Waaksens)2

    Kees Tijssen (Reduzum)2

    Folkert Groenveld (De Jutryp)2

    Fedde Wiersma (Easterein)1

    Sjoerd Couperus (Snits)1

    Willem Hoekstra (Aldegea)0

     

    B-klasse

    Rinze Schukken (Hilaard)4

    Siebren Dyk (Jorwert)3

    Jan Nauta (Bitgummole)2

    Harry Kaspers (Jorwert)1,5

    Douwe Namminga (Winsum)1,5

    Bonne Hylkema (Jorwert)0

     

    C-klasse

    Jan de Jong (Ljouwert)4

    Fokke Looijenga (Weidum)3

    Murk Nijdam (Wommels)2

    Gertjan van Kamp (Jorwert)2

    Emke Dykstra (Jorwert)1

    Pieter Breeuwsma (Wommels)0

     



    << Werom


    Sponsors:

    • D. Kuipers
    • Lip en partners
    • Leanbedriuw Okkema
    • Narwal
    • Noflik
    • Wiersma Wommels
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Walinga
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Repko Sneek
    • Attema Heeg
    • Rabobank
    Dizze webside is mei mooglik makke troch