• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Yn in flok en in sucht makken de Strik
  • Bauke Bos ferslacht Marten Walinga yn
  • Tineke stiet ien efter en stiet ien fo
  • Toto - lotting Fryslancup
  • Oprop Littenseradielpartij
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Bauke Dykstra hat syn plakje fûn.

     

    It hat wat duorre, mar it is no sa njonkelytsen wol dúdlik dat Stadige Striker Bauke Dykstra syn fêste plakje fûn hat. Yn it âlde Elim siet er altiten yn it hoekje ûnder in sterke lampe. No yn it Swettehûs hat er syn eigen plakje ek. Moai allinne op in hoekje en net oan de grutte tafel. Dat plakje docht him ek wol fertuten wat it damjen oanbelanget.

    Moandeitejûn gyng er der wer moai foar sitten op syn plakje. Tsjinoer him naam Sjoerd Jan Bakker plak. De earste partij tusken de twa matsjedoaren wûn Bakker, mar doe sieten se oan de grutte tafel. No bejoech Sjoerd him dus op fijandelik terrein. Dykstra spilet no altiten thúswedstriden. It wol net sizze dat de man oan syn stoel fêstplakt sit, nee hy mei graach ek efkes by de oare spullen lâns. Bakker hie it fuort al dreech as men op syn lûden ôfgean soe. Elk fan de Strikers wit dat dy lûden meastal sinjalen binne fan: o wat stean ik goed.

    Yn de twadde helte fan it spul ferliet Dykstra wat faker syn stoel om by oaren te sjen. Wol in teken dat er der aardich goed foar stie. Bakker gong ek wol fan syn plak, mar dan gyng er nei it lytste keammerke earne op ‘e gong. Fan benaudens mooglik! “No wit ik it net ,mar ik doch dizze!” spriek Dykstra. No hy wist it om de donder wol. It spul wie nei dy útspraak fuort út en Dykstra koe optein werom nei De Tynje. Bakker hie gelokkich foar de wyn op wei nei hûs yn Snits, want as jo nei sa’n ferliespartij ek noch ris in kear stok yn é wyn hawwe dan wurde jo dûbeld pakt.

    De twa âldste leden fan de klup moasten tsjin elkoar. Bauke de Boer de nestor is sûnt in wike yn syn trije-en-njoggenste. Tsjerk Wiersma giet him al moai achternei mei in acht en in seis efterelkoar. Dy Tserk wie moai op tiid oanwêzich. Tineke Teigeler ek en dêrom waarden se troch de ynfalkompetysjelieder fuort oan it damjen setten. De whatsapp hie al melden dat it oantal dammers net op even útkomme soe. Fan dêr! Yn dy partij rekke Tsjerk in houtsje achter en hy krige in tige keale hoeke. Tineke koe opsteame nei de daam en wûn de partij. In moaie punt foar har. 

    Doe hie De Boer al in skoftke sitten te wachtsjen, mar Tsjerk koe fuort wol wer. Soks dêr laket er om. In man dy’t wol fjirtjin potsjes skaakt op ien middei is wol wat wend. De partij like in hiele tiid yn lykwicht, mar doe kaam der in setsje yn en Wiersma wie der as de wjerljocht by om dat te fersulverjen. Dêrnei koe De Boer pipe en lipe, mar it joech allegearre neat mear. Tsjerk hie syn earste punt te pakken.

    Utslaggen: Dicky van der Meer – Jelle Wiersma 0 – 1; Cor Kooistra – Ype Boelens 1 – 0; Bauke Dykstra – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Marjolijn Bakker – Hennie de Haan 0 – 1; Bauke Bos – Rients Winia 1 – 0; Bauke de Boer – Tsjerk Wiersma 0 – 1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Noflik
    • D. Kuipers
    • Lip en partners
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Leanbedriuw Okkema
    • Walinga
    • Rabobank
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Wiersma Wommels
    • Narwal
    • Attema Heeg
    • Repko Sneek
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    Dizze webside is mei mooglik makke troch