• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jelle Wiersma kampioen fan Fryslân.
  • Jelle Wiersma Frysk damkampioen
  • Gau efkes strike en dan op in draaf ne
  • Jelle Wiersma nimt foarsprong yn damba
  • Foeke Tiemensma fluchdamkampioen
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • De iene nei de oare wit it net mear.

     

     

    It wie wol wat by de Stadige Strikers moandeitejûn. De earste houtsjes wiene noch mar kwealik ferskood doe’t de iene nei de oare him hearre lit mei de opmerking: “Ik wit it net mear!”  En da fraach waard dêrom steld as der noch wol ien wie dy’t it wol wist.

    No Hennie de Haan wist it yn it einspul wol. Sy siet te damjen tsjin de nestor Bauke de Boer. Der kaam in oantreklik spultsje op it boerd. It gyng moai lyk op. Beide genieten fan de stantsjes. It bleau oan ’e ein ta frij gelyk opgean. Beide krigen in daam en Hennie hie twa houtsjes. De Boer noch ien. Dy hie er better net ha kinnen, want dan wie him ûngelok mooglik besparre bleaun. 

    Oft De Boer no ferplicht wie om mei it houtsje te striken of dat syn daam ek noch mocht is net hielendal dúdlik. Mar hoe dan ek De Boer die mei syn houtsje en skode sadanich dat Hennie har beide wite helpers op slach kamen te stean. Hennie beseach de sitewaasje ris in pear kear op en del oer en pakte doe har daam en sette dêrmei de grutte swarte jonge fan De Boer op slach. De lêste moast de twa houtsjes nimme en Hennie feegde dêrnei alles fan it boerd. “Dat hie ik in jier lyn noait betinke kinnen” sei Hennie. “Dan hie ik gau mei it houtsje strutsen, sadat De Boer net slaan kinnen hie” En sa wie it mar krekt. Se wist no wol wat der barre moast. Twa kear hat se no fan de nestor wûn dizze kompetysje. Faak hat De Boer in  ûns gelok en in kilo ferstân mar diskear lieten beide him yn de steek. 

    Wa’t it ek wol wist wie Tsjerk Wiersma. Hy spile in alderaardichtst potsje tsjin Rients Wijn ia. Der wie sa yn it middenspul noch net folle fan te sizzen, mar doe seach Tserk ynienen it ljocht. Hy ruile twa om twa ôf, mar dêrmei soarge er der wol foar dat de boalserter in tige foarlik houtsje krige. It koe net misse as dat  Tsjerk it dêrnei oppakke koe. Nei in streek as wat joech er ien en pakte twa. Dêr wie dus dat foarlike houtsjes by. Fan dat momint ôf striedWinia tsjin in net te ferslane fijân. Tsjerk hie der wakker wille om.

    Yn it begjin wist er it net. Dêr hat Sjoerd jan Bakker wol faker lêst fan. Doe’t it derom gyng en hy en Willem Schaap elk noch fiif houten op it boerd s te stean hiene, wist Bakker it wol. Yn dy stannen is er meastal op syn sterkst. It kaam allegear presiis út en Bakker hie yn ‘e wyn nei Snits, mar hy hat, tinke wy, lykwols trape as gyng it fan self.

    Utslaggen: Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Rients Winia – Tsjerk Wiersma 0 – 1; Hennie de Haan – Bauke de Boer 1 – 0; Tineke Teigeler – Bauke Bos 0 – 1; Harry Postma – Cor Kooistra 0 – 1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Walinga
    • Rabobank
    • Leanbedriuw Okkema
    • D. Kuipers
    • Narwal
    • Lip en partners
    • Noflik
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Repko Sneek
    • Attema Heeg
    • Wiersma Wommels
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    Dizze webside is mei mooglik makke troch