• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jelle Wiersma kampioen fan Fryslân.
  • Jelle Wiersma Frysk damkampioen
  • Gau efkes strike en dan op in draaf ne
  • Jelle Wiersma nimt foarsprong yn damba
  • Foeke Tiemensma fluchdamkampioen
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Dammerij yn Lollum

    De dammerij wie net hiel goed besocht: alles meiinoar 14 dammers. Mar dy't der wiene, hawwe in moaie jûn hân. De dammerij wie op in histoaryske lokaasje: it lokaal efter de eardere Grifformearde tsjerke fan Lollum. It doarpshûs wie nammentlik oars beset, en der wie net in datum te finen dy't èn goed op 'e wedstrydkalinder paste, èn gaadlik wie foar it doarpshûs.
     
    Yn it ferline hawwe der wol 50 man sitten te damjen yn it lokaal, en moasten guon sels yn 'e tsjerke strike. De leden fan de Grifformearde Tsjerke wiene it dêr net allegear mei iens: it lokaal wie foar tsjerklike aktiviteiten, damwedstriden hearden yn it doarpshûs. Op gemeentejûnen waard dat alle jierren op it aljemint brocht, en alle kearen sei de kommisje fan behear, dy't hier en ferhier fan de tsjerke regele, dat se deroer prate soene. Alle jierren brocht de kommisje yn syn earste gearkomste nei de gemeentejûn de fraach yn stimming, oft der wol of net damd wurde koe yn it lokaal. De kommisje bestie út fiif persoanen, en trije fan de fiif wiene lid fan de damklub ... Jim kinne wol riede, hoe't dy stimming alle jierren útfoel.
     
    Yn de klassen 1, 2 en 3 diene mei: Herman Bakker, Rindert Walinga, Klaas Koopmans en Paul Borghaerts.
     
    Utslaggen: 1e omloop Herman - Paul 0-1; Rindert - Klaas 1-0; 2e omloop Paul - Herman 1-0; Herman - Rindert 0-1; 3e omloop Rindert - Paul 1-0, Klaas - Herman 0-1. Priis: Rindert Walinga (3 pt.); preemje Paul Borghaerts (2 pt.) 
     
    Haadklasse: Fedde Wiersma, Jan Bouma, Bauke Dykstra (earste groep), Willem Hoekstra, Harmen Westra, Liuwe Westra (twadde groep)
     
    Utslaggen: 1e omloop Fedde - Liuwe 1-0; Jan - Harmen 1-0; Bauke - Willem 1-0; 2e omloop Liuwe - Willem 0-1; Harmen - Bauke 0-1; Fedde - Jan 1-0; 3e omloop Jan - Liuwe 0-1; Bauke - Fedde 1-0; Willem - Harmen 1-0. Priis earste groep Bauke Dykstra (3 pt.), preemje Fedde Wiersma (2 pt.); priis twadde groep Willem Hoekstra (2 pt.), preemje Liuwe Westra (1 pt.)
     
    Eareklasse: Marten Walinga, Tsjerk Wijbenga, Foeke Tiemensma, Cor Kooistra
     
    Utslaggen: 1e omloop Marten - Cor 1-0; Tsjerk - Foeke 0-1; 2e omloop Cor - Foeke 0-1; Marten - Tsjerk 1-0; 3e omloop Tsjerk - Cor 0-1; Foeke - Marten 1-0. Priis: Foeke Tiemensma (3e pt.), preemje Marten Walinga (2 pt.)
     
    Foeke Tiemensma, ek regearjend kampioen fan it iepen Littenseradiel, hat it foarnimmen útsprutsen om dit seizoen alle toernoaien te winnen.
     
    Liuwe hie mei swart in aardich setsje tsjin Jan Bouma (wyt). Hy wie yn in kantspul bedarre, en wist hoe tûk oft Jan dêryn is. Op in gegeven stuit wie de stân sa: swarte houten (Liuwe) op 1, 2, 4, 5, 6, 7, 11, 15, 16, 24 en 25; wite houten (Jan) op 26, 27, 31, 35, 36, 38, 40, 41, 45, 46, 50. Wyt is nei fjild 38 ta rûn, om aansen 38-33 te spyljen, en dêrnei 33-29, en dan it houtsje op 26 ferhúzje litte nei 34. Beide partijen hawwe dan wer in hiel soad streek, en it spul kin alle kanten út gean.
    Om dat te foaren te kommen, spilet swart 5-10. No kin 38-33 net fanwegen 24-30. Ofruilje mei 40-34 hat wyt net goed talike, en 41 opspylje is ek gjin opsje. Dat dan mar út ’e hoeke wei mei 50-44. Mar no sit der in hiel aardich slachje yn.
     
     
    Oplossing (koarte notaasje): 20, 14, 9, 17.
     
    Liuwe Westra


    << Werom


    Sponsors:

    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Noflik
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Repko Sneek
    • Attema Heeg
    • D. Kuipers
    • Lip en partners
    • Rabobank
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Wiersma Wommels
    • Narwal
    • Leanbedriuw Okkema
    • Walinga
    Dizze webside is mei mooglik makke troch