• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Twa froulju binne dy Bauke Bos net te
  • Sjoerd Huitema giet fuortendalik oan k
  • Nijeling Sjoerd Huitema is in rappe le
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ășt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Skearnegoutum wer minikampioen

     

     

    Skearnegoutum hie de lêste jierren hast in soarte fan abonnemint op it miniklupkampioenskip, de wedstriid yn it fluchdamjen mei fjouwertallen. Ferline jier kaam oan de searje in ein trochdat de Stadige Strikers mar twa dammers ôffurdigen, sadat doe sels in fûzje mei twa Aldegeasters nedich wie om in folsleine ploech efter de tafels te krijen. It sa ûntstiene nije doarp "Skearnegea" koe doe lykwols gjin potten brekke. Dat kaam de Skearnegoutumers sa't it liket lykwols al te bot har ear te nei. Yn de edysje 2014 fan it kampioenskip waarden mar leafst twa folweardige ploegen ynset. Mei as resultaat dat it kampioenskip ek wer binnen helle waard.

     

    Der wie oars dochs al flink wat flecht op 'e koai, dy jûn fan 'e 21ste novimber dêr yn Jorwert. Hiene der ferline jier noch sân fjouwertallen ynskreaun, no wiene it mar leafst tsien. Dat betsjutte dus dat der 40 dammers op 'e boppeseal fan kafee "Het Wapen van Baarderadeel" in plakje krije moasten. Gelokkich hat dy seal ek in toaniel, dat sa kaam it dat guon dammers wat op 'e oaren delsjen koene.

     

    Wa't dat gefoel oan 'e ein it sterkste hie, wie dus it fjouwertal fan Skearnegoutum I. No wie dy ploech mei mannen as Jelle Wiersma, Bauke Dijkstra, Cor Kooistra en Dicky van der Meer fansels fuort al favoryt. Op papier die regearjend kampioen Aldegea I, mei Henk Haanstra, Folkert Groenveld, Willem Hoekstra en Sjoerd Couperus, dêr oars net foar ûnder. It streekrjochte duel einige dan ek yn in lykspul. Dat wie yn 'e lêste fan 'e fiif omlopen. De Aldegeasters makken dus gjin gebrûk fan 'e mooglikheid om de earder oprûne efterstân yn te rinnen, dy't ûntstien wie nei in earder lykspul tsjin Lollum. 

     

    De Lollumers soene úteinliks as fjirde einigje. Se ferprutsten it wat mei in lykspul tsjin de lettere degradant Blauhús, en in dikke 0-4 tsjin Jorwert I. Likegoed mochten de Jorwerters har djip skamje. Der wiene nammentlik twa pûles fan fiif ploegen yndield, en om op fiif omlopen te kommen moasten de ploegen fan de A-groep ien kear tsjin ien út de B-groep. As iennichste A-ploech slagge it de Jorwerters om te ferliezen. De eare om de op papier sterkere dammers in draai om 'e earen te jaan kaam Skearnegoutum II ta. Mei troch dat resultaat einige dus de twadde Skearnegoutumer ploech, mei dêryn Hennie de Haan en Marjolein Bakker, kreas op it twadde plak yn 'e B-klasse. En wa sei dêr dat froulju net damje kinne?

     

    Kampioen fan 'e B-klasse waard Hartwert, diskear deeglik beset mei Tsjerk Wijbinga, Fedde Wiersma, Germ Bruinsma en Klaas Abma. De Hartwerters hoegden yn har eigen klasse inkeld in lykspul oan Skearnegoutum II ta te stean. Mar ja, dy Skearnegoutumers ferlearen dan wer mei 0-4 fan it op papier dochs wier net sterke Jorwert II. Sa sjogge jo mar wer dat har op sa'n fluchdamjûn allegearre ferrassings foardwaan kinne. En dat makket no krekt mei de sjarme der fan út.

     

    Utslaggen earste omloop:

    Blauhûs - Lollum I 2-2; Jorwert I - Skearnegoutum I 1-3; Aldegea I - Hartwert 3-1; Lollum II - Jorwert II 3-1; Skearnegoutum II Aldegea II 2-2.

    Twadde omloop: Aldegea I - Jorwert I 3-1; Skearnegoutum I - Blauhús 4-0; Lollum I - Jorwert II 4-0; Hartwert - Skearnegoutum II 2-2; Aldegea II - Lollum II 2,5-1,5.

    Tredde omloop: Lollum I - Skearnegoutum I 1-3; Blauhús - Aldegea I 0-4; Jorwert I - Skearnegoutum II 1,5-2,5; Jorwert II- Aldegea II 3-1; Lollum II - Hartwert 0-4.

    Fjirde omloop: Aldegea I - Lollum I 2-2; Jorwert I - Blauhús 2,5-1,5; Skearnegoutum I - Aldegea II 4-0; Hartwert - Jorwert II 4-0; Skearnegoutum II - Lollum  II 2-2.

    Fyfde omloop: Lollum I - Jorwert I 0-4; Skearnegoutum I- Aldegea I 2-2; Blauhús - Lollum II 4-0; Jorwert II - Skearnegoutum II 4-0; Aldegea II - Hartwert 1-3.

     

    Einstân groep A (mei tusken heakjes de buordpunten):

    Skearnegoutum I4,5 (16)

    Aldegea I4 (14)

    Jorwert I 2 (10)

    Lollum I 2 (9)

    Blauhús1,5 (7,5)

     

    Einstân groep B:

    Hartwert3,5 (14)

    Skearnegoutum II2,5 (8,5)

    Jorwert II2 (8)

    Aldegea II1,5 (6,5)

    Lollum II1,5 (6,5)

     

     

     

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Zeinstra Blauwhuis
    • Rabobank
    • Repko Sneek
    • Makelaardij Jan de Lange
    • D. Kuipers
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Walinga
    • Narwal
    • Attema Heeg
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Lip en partners
    • Noflik
    • Leanbedriuw Okkema
    • Wiersma Wommels
    Dizze webside is mei mooglik makke troch