• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • De Strikers sműk űnder de krystbeam oan it striken.

     

    Yn ús âlde Elim en dan yn it lytse damsealtsje, stie nea in krystbeam. Yn de bar fan it Swettehûs wêr’t wy no damje, stûn der in knaap fan in beam wakker te pronkjen. De twa âldste Strikers, beide út Snits, krústen foar de twadde kear de degens en sieten it tichtste by de beam. Sy sieten der omtrint ûnder. 

    Oft dat it praat ek wat mylder makke hat, kin men net sizze. De iene wantroude de oar nochal. “Jo moatte him yn de gaten hâlde, want foar je it witte naait er jin yn ‘e sek”. Uteinlik wint de âldste, mar dat is fansels ek logysk: hy is 92 en hat gewoan mear erfaring as syn tsjinstanner, want dy is noch mar 86. De stân tusken de beide hearen Bauke de Boer en Tsjerk Wiersma is no ien ien.

    Tineke Teigeler damme in goed spul tsjin Rients Wynia. Se wûn it spitichgenôch noch net. Alle jûnen is eins wol fan de partij. Se nimt Marjolijn mei en beide froulju binne gewoanwei moai op tiid. Se spylje dan earst noch wol in pear potsjes foar dat de kompetysje begjint. Tsjin sa’n âlde rôt as Rients Wynia koe se it dus net hâlde. De houtsjes fan de âldskieppeboer stûnen oan de ein fan it spul krekt eefkes better en dêrtroch luts Tineke oan it koartste ein. Marjolijn moast it dwaan mei in potsje foar de spek en brea kompetysje tsjin Bauke Dykstra en fierders noch hiel wat oefenpotsjes.

    Freedtejûn kin har dat miskien wat fertuten dwaan. Dan is der yn it Swettehûs de earste Stryk ta striid. Elkenien kin dêr oan mei dwaan. It begjint om 7 oere. Opjaan by Ype Boelens 0518-451795

    Utslaggen: Harry Postma – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Cor Kooistra – Jelle Wiersma 0 – 1; Ype Boelens – Willem Schaap 0 – 1; Bauke Dykstra – Marjolijn Bakker 1 – 0; Tsjerk Wiersma – Bauke de Boer 0 – 1; Bauke Bos – Hennie de Haan 1 – 0; Tineke Teigeler – Rients Wynia 0 – 1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Lip en partners
    • Noflik
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Wiersma Wommels
    • Narwal
    • Repko Sneek
    • D. Kuipers
    • Walinga
    • Leanbedriuw Okkema
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Attema Heeg
    • Rabobank
    Dizze webside is mei mooglik makke troch