• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THŚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŪN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Rubryk 12-5-2017
  • Rubryk 28-4-2017
  • Rubryk 14-4-2017
  • Rubryk 31-3-2017
  • Rubryk 17-3-2017
    >> meer

    2016
  • Rubryk 23-12-16
  • Rubryk 9-12-16
  • Rubryk 25-11-2016
  • Rubryk 11-11-2016
  • Rubryk 28-10-2016
    >> meer

    2015
  • Rubryk 18-12-2015
  • Rubryk 4-12-2015
  • Rubryk 20-11-2015
  • Rubryk 6-11-2015
  • Rubryk 23-10-2015
    >> meer

    2014
  • Rubryk 21-11-2014
  • Rubryk 5-12-2014
  • Rubryk 7-11-2014
  • Rubryk 26-9-2014
  • Rubryk 24-10-2014
    >> meer

  • Rubryk 25-4-2014

    Yn de fjirde rûnte fan it kampioenskip, spile op De Gaastmar setten Jelle Wiersma en Foeke Tiemensma (wyt) der in dreech spul op. Sittend kampioen Wiersma en promovendus Tiemensma hienen elts foar de earste tweintich setten mear as oardel oere tinktiid brûkt. It waard bûge as barste foar wyt as swart.

    1.32-27 20-24 2.31-26 Meastal wurdt spile 2.33-29 24x33 3.34x32 2. …15-20

    Gongber is 3.37-31 17x37 4.41x32, mar Tiemensma docht it wer oars. 3.27-21 16*27 4.26*28 17-21 Troch 5.38-32 18x29 6.34x25 soe der romte komme. 5.37-32 11-16 6.34-29 21-26 7.40-34 Wyt is wiis mei it hout en swart ruilet ôf.

    7. …20-25 8.35*15 5*25 9.29*20 10*30

    Troch 8.29x20 10x30 9.35x24 19x30 10.28-23 18x40 11.44x24 25x23 12.32-27 26x28 13.38x29 is ferienfâldiging mooglik, mar Tiemensma wol dat net.

    10.41-37 18-22 11.28*17 16*18 12x21? om 37-31 etc. 12.36*16 6*26 Nei 13.33-29! 30x28 14.32x23 13x35 15.39-34 35x33 16.43x23 19x28 17.37-31 26x39 18.44x35 komt de partij yn ien kear yn in lykweardich 8 om 8 einspul. 13.32-28 30-35 14.37-32 1-6 15.34-29 14-20

    16.45-40 19-24 17.40-34 24-30 Wyt bliuwt it spul op skerp setten, mar komt der dreger op te stean. Swart driget it hout op fjild 28 der út te lûken. 18.50-45 13-19 19.32-27? 18-22 is winnend.

    20.28x17 12x32 21.42x22 30x17 22.34-30 25x32 23.45x23 8-13 etc. as 21.33x31 35x24 21.38x27 26x28

     

    19. …18-23 20.33*15 35*31

    21.15*24 9-14 22.29-23 14*34 23.39*30 7-11 24.30-25 11-16 25.23-19

    Mei twa houten efter en noch mar in pear minuten tinktiid joech de sittend kampioen terjochte op.

    Tiemensma en Wiersma treffe elkoar moarn wer te Frjentsjer. Yn it âlde stedhús wurdt foar de seisde kear it Grutmastertoernooi ferspile. Tongersdei is it útein set en moarn binne de slotronden. Tiemensma pleatste him nei it toernooi te Lollum. Wiersma wie efter Teake Kooistra, dy’t him as kampioen pleatst, twads. De fjirde dielnimmer is fluchdamkampioen Folkert Groenveld.

    Wol hiel bysûnder is dat der yn Frjentsjer wrâldtoppers út it hoekse spul

    Frysk damje sille. De acht dammers dy’t elkoar treffe sille, binne sittend en sâwn-fâldich wrâldkampioen Aleksandr Sergejevitsj Georgiejev. Hy waard ek alve kear Russysk kampioen. Dan binne der twa âld Afrikaansk kampioenen: Jean Marc Ndjofang út Kameroen en Macoudou N’diaye út Senegal. Fierders njoggen-fâldich kampioen fan Litouwen Aleksej Domchev en Vaclav Krista út Tsjechië dy’t ek njoggen kear nasjonaal kampioen waard. Ek de Belgysk kampioen, Patrick Casaril, docht mei. Twa Nederlanners kompletearje de list: trije-fâldich nasjonaal kampioen Hans Jansen en Fries om utens Auke Zijlstra dy’t him pleatste troch it toernooi yn Amersfoort te winnen.

    Yn de foarige ieu hat wrâldkampioen Herman Hoogland in twakamp spile tsjin Jurjen Tolsma. En resenter hawwe toppers as Harm Wiersma en Anatoli Gantwarg it Frykse Spul damd. Mar sa’n sterk beset toernooi as no yn Frjentsjer is dochs wol unyk.     

     

    De problemen foar de ledderwedstriid

    Nû.29 sw. 4, 10, 12, 18, 19, 22, 25, 28

    wyt 30, 31, 34, 37-39, 44, 46

    Nû.30 sw. 3, 8-10, 16, 19, 36

    wyt 28-30, 32, 33, 42, 44

    en noch twa fan Tjipke Smedinga.

    Hy stjoert altiid de oplossings en hat no sels twa komposysjes makke.

     

    Nû.31 sw. 7, 8, 10, 15, 17, 18, 22, 24, 25

    wyt 28, 31, 33, 35, 38, 41, 43-45

     

    Nû.32 sw. 7, 12, 16, 17, 19, 28. 30, 33

    wyt 31, 36, 37, 39, 41, 42, 44, 46 

    Oplossings stjoere foar 9 maaie.

    Folkert Groenveld

    Riperwei 6

    8623 XH  Jutryp

    groenveldf@hotmail.com



    << Werom


    Sponsors:

    • Attema Heeg
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Lip en partners
    • Leanbedriuw Okkema
    • Walinga
    • Repko Sneek
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • D. Kuipers
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Wiersma Wommels
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Noflik
    • Narwal
    • Rabobank
    Dizze webside is mei mooglik makke troch