Rubryk 12-2-2016Ofrûne sneon binne te Boalsert de earste twa omlopen fan it kampioenskip ferspile. Regearjend kampioen Teake Kooistra, Foeke Tiemensma, Jelle Wiersma en Marten Walinga wûnen beide spullen. It sil tusken harren gean. Letter yn it toernooi treffe se elkoar. Dat Wiersma yn de earste omloop fan promovendus Cor Kooistra wûn hy sa oars kind. Syn klupgenoat (mei wyt) ûntkaam in winnende kombinaasje. 1.32-27 20-25 2.27-22 12*32 3.37*28 Meastal wurdt slein 3.37x28.3. …17-21 4.31-26 7-12 5.26*17 12*21 6.42-37
21-26 No kin Kooistra ôfruilje. 7.28-22 18*27 8.37*17 11*22 9.36-31 26*37 10.47*20 10*30 11.40*20 15*24 12.35*15 5*25 13.45-40 8-12 14.33-28 14. …12-17? om 15.34-40 en 44-40 etc. 14. …2-8 15.28-22 12*32 16.38*27

16. … 4-10?
Swart hie nei in lykweardige stân ôfruilje kind troch 16. …24-30 17.40x20 14-19 18.20x18 13x31 19.41x21 16x27 Wyt wint nei 17.40-35! 25x45 18.34-29 24x33 19.43x23 45x34 20.50-44 13x33 21.44x15. Mar it rûn oars. 17.27-21 16*27 18.34-29 24*33 19.39*26 25-30 20.40*20 14*25 21.43-39 25-30 22.49-43 9-14 23.39-34 30*39 24.43*34 14-20 25.41-36 10-15 26.48-42 8-12 Efternei besjoen hie wyt op syn linkerkant strike moatten. ‘Damje op de sterke kant.’ is it âlde ferhaal. 27.50-45 12-17 28.44-40 20-25 29.40-35 3-9 30.42-37 13-19
31.37-31 1-7 It binne foar wyt allegearre foar de hân lizzende setten. Mar samar is de stân ferlern. Wyt moat wol ôfruilje, oras strûpt de rjochterkant der ûnder. 32.34-29 19*39 33.35-30 25*34 34.31-27 17*37 35.36*29 6-11 36.29-24 11-17 Wyt komt oan. 37.26-21 17*26 38.46-41 7-12 39.45-40 12-18 40.40-34 18-22 41.41-37 9-13 42.34-30 22-28 43.30-25 15*35 44.24-20 13-19 45.20*38 35-40
Trije problemen fan Hiele Walinga
Nû. 16 sw. 3, 5, 8, 9, 12, 15, 16, 18 wyt 23-25, 29, 31, 38, 42

Nû. 17 sw. 2, 6-10, 15-17 wyt 19, 28, 29, 31, 33, 35, 37, 38, 44, 45

Nû. 18 sw. 2, 7, 10-13, 17, 23, 25, 35 wyt 26, 32-34, 39, 41, 45, 49
Oplossings stjoere foar 26 febrewaris.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
<< Werom
|