Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2018
  • Rubryk 14-12-2018
  • Rubryk 30-11-2018
  • Rubryk 16-11-2018
  • Rubryk 2-11-2018
  • Rubryk 19-10-2018
    >> meer

    2017
  • Rubryk 29-12-2017
  • Rubryk 15-12-2017
  • Rubryk 1-12-2017
  • Rubryk 17-11-2017
  • Rubryk 3-11-2017
    >> meer

    2016
  • Rubryk 23-12-16
  • Rubryk 9-12-16
  • Rubryk 25-11-2016
  • Rubryk 11-11-2016
  • Rubryk 28-10-2016
    >> meer

    2015
  • Rubryk 18-12-2015
  • Rubryk 4-12-2015
  • Rubryk 20-11-2015
  • Rubryk 6-11-2015
  • Rubryk 23-10-2015
    >> meer

    2014
  • Rubryk 21-11-2014
  • Rubryk 5-12-2014
  • Rubryk 7-11-2014
  • Rubryk 26-9-2014
  • Rubryk 24-10-2014
    >> meer

  • Rubryk 21-9-2018

    Nei in lange tarieding waard begjin augustus te Ljouwert it earste wrâldkampioenskip ferspile. Acht omlopen mei 16 dielnimmers brocht it Russyske rekkenwûnder en Europeesk kampioen Alexander Georgiev it earste plak. Frysk kampioen Jelle Wiersma pleatste him ek foar de finale. Lyk op it tredde plak moasten fjouwer dammers yn in barraazje noch útmeitsje wa’t de lêste twa finale-plakken krigen: Taeke Kooistra, Folkert Groenveld, Marten Walinga en Foeke Tiemensma. Klupgenoaten Walinga en Tiemensma rêden dat op. Wa hie tinken kinnen dat nei trije omlopen yn de finale Georgiev noch werom komme soe? Wiersma stie mei de folle 3 punten twa foar op de Rus. Letter sille we sjen hoe as hy mei twa oerwinningen op Wiersma dochs noch lyk kaam mei Marten Walinga.En sa om de wrâldtitel spylje soe. Alexander Georgiev – Marten Walinga, Ljouwert, 10 augustus 2018. Lykas yn alle oare spullen mei wyt iepenet Georgiev mei 34-30. Nei 31-26 en 32-27 kin swart in ferskaat oan drege farianten besykje. Dêroan weaget de Rus him noch net. 1.34-30 20-25 2.31-26 25*34 3.40*29 as 3. …19-23 4.44-40 23x34 5.39x30 18-23 14-20 4.29-24 19*30 5.35*24 20*29 6.33*24 17-21 7.26*19 9*20  It stiet der net dreech op, sa hat Georgiev it graach yn it begjin.8.36-31 10-14 9.39-34 20-25 10.44-40 14-20 11.40-35 13-19 12.34-29 19*39 13.38*40 16-21 14.43-39 21-26 15.39-34 11-16 16.49-44 7-11 17.34-30 25*34 18.44*24 20*29 19.31-27 26*28 20.32*34 16-21 21.34-30 21-27  Sekuur spile troch beiden. It is in posysjoneel lavearjen sûnder tûkelteammen. 22.37*17 12*21 23.40-34 21-26 24.42-37 11-16 25.41-36 8-12 26.34-29 12-17 27.30-25 17-21 28.29-24 1-7 29.45-40 21-27 30.37*17 7*27 31.40-34 6-11 32.34-30 11-17 Sa stadichoan sitte wyt en swart elkoar wer op de lea en komt it der mear op oan. Der driget bygelyks 33.48-42 17-21 34.42-37 5-10 35.25x14 27-32 36.37x28 26-31 37.36x27 as 34.50-45 2-7 35.42-37 5-10 36.25x14 4-9 37.37x17 9x29 38.30x28 7x29 33.50-44 17-21 34.48-42? Nei 34.24-20! 15x24 35.30x19 hie wyt goed spul.

     

     

    34. .. 5-10! 35.25*14 27-32 36.42*22 21*43 en Marten Walinga is kampioen.

     

    De earste problemen foar de ledder komme fan Willem F. Bakker.

     

    sw. 3, 6, 7, 9, 10, 12, 18

    wyt 16, 24, 33, 37, 40, 41, 47

     

     

    sw. 3, 7, 8, 10, 11, 16, 17, 22, 27

    wyt 19, 20, 37, 38, 40, 47

     

    Oplossings noch net stjoere.

    Folkert Groenveld

    Riperwei 6

    8623 XH  Jutryp

    groenveldf@hotmail.com

     

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Zeinstra Blauwhuis
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Noflik
    • Narwal
    • Walinga
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Wiersma Wommels
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Lip en partners
    • Leanbedriuw Okkema
    • Repko Sneek
    • Attema Heeg
    • D. Kuipers
    • Rabobank
    Dizze webside is mei mooglik makke troch