1e foarronde persoanlike kampioenskip jeugd en pupillen
Sneon 14 decimber waerd der in begjin makke yn it toernooi om de damkampioen fan Fryslan. Bij de jeugd is ,de kampioen fan 2013, Harmen Westra der net meer bij, hij is trochstreamd nei de senioren en spilet yn febrewares al bij de tredde acht fan de pers.kampioenskip bij de grutte mannen.Bouwe Overwyk kampioen by depupillen damt no bij de jeugd, dus yn 2014 krije we twa nije kampioenen.
Mei in goeie opkomst fan 23 dammers giene we fan start yn it doarpshûs fan Lollum. By de jeugd 6 dammers wer no twa rondes ferspyle binne. Rindert Walinga behelle as ienigste de folle winst troch Lammert Stegenga en Fokke Walinga út Aldegea te ferslaan. Bij de pupillen is Jeljer Westra fan Lollum nei fjouwer partijen de trotse koprinner hij wurd achterfolge troch Klasine van der Gaast (Lollum),Hiele J. Walinga(Aldegea) en Marrit de Jong(Blauhús) elk trije punten. Bij de begjinners stiet Lieuwe M. Postma (Lollum)op fjour winstpunten mei der efter Gonnie Schilstra(Lollum) ,Marije Frankena(Blauhús), Femke Steenstra(Blauhús)en Nynke Brouwer(Blauhús). De folgende rondes binne op sneon 22 febr.

<< Terug
|