• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THUIS ACTUEEL FRIES DAMMEN JEUGD DAMBOND CONTACT
  • NIEUWS
  • RUBRYK
  • AGENDA
  • Live

    ARCHIEF

    2018
  • Marten Walinga 1e Wereldkampioen Fries
  • Alexander Georgiev scoort drie keer op
  • WK Fries Dammen krijgt vorm
  • Eerste Wereldkampioenschap Fries Damme
  • Toernooiboek Open NK Fries dammen 2018
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skearnegoutum.

    Oan it Stryk-ta toernoai, sponsore troch Wiersma accountants, yn Skearnegoutum ha wol ris mear dammers meidien. Lykwols joegen de 20 spilers en spylsters yn in sportive sfear de dampartijen har gerak. Guon dammers makken hiel hurd dien wurk en oaren pakten safolle mooglik tiid troch fûl te wêzen op de boanus fan tsien sekonden de set. De dammers Frysk spul sizze no ek: “Moast op de klok drukke”. Fûl op de ekstra tiid. It is in lust om sa op de Fischerklok te spyljen. Ien dy’t soks al lang wend wie, foar’t er mei de Fryske fariant begûn, is Foeke Tiemensma. Hy waard de winner yn de eareklasse. Dat hie er net te tankjen oan de Fischerklok, mar gewoan om’t er it bêste damme.

     

    It die de organisearjende klup ek wer deugd dat er in oantal dammers presint wiene, dy’t gewoanwei it “Hollânske” spul spylje. Twa fan dy mannen behellen ek noch in earste priis. Mooglik reitsje se noch ris finaal yn de besnijing fan dizze moaie fariant, dy’t ynternasjonaal ek hieltiten mear erkenning kriget. Oan de oare kant is it sa dat har eigen spul ek hiele moaie dingen yn him hat. De ynternasjonale toppers spylje njonken it ynternasjonale spul (it Hollânsk) ek faak in yn harren lân in eigen fariant. Bygelyks it Ytaljaansk, it Tsjechysk en bygelyks it Spaansk. Alhoewol it ploechje net sa grut wie, seach it bestjoer mei tefredenheid werom op dizze priisdammerij. Fan de tweintich dammers giene der tolve mei in priis nei hûs: seis mei in earste en seis mei in twadde priis. Allegearre prizen yn de foarm fan in oranjekoeke.

     

    Utslaggen:

    Eareklasse. Gr.1  1 Foeke Tiemensma, Frjensjer; 2 Willem Schaap, Dearsum. Gr.2: 1 Cor Kooistra, Nijlân; 2 Jelle Wiersma, Wommels. Haadklasse A: 1 Ype Boelens, Menaam; 2 Klaas Wiersma, Nij Beets. Haadklasse B: 1 Herman Scheltinga, Nijlân; 2 Bauke Bos, Sint Nyk. Earste klasse: 1 Lolke Huitema, Tersoal; 2 Beke Haanstra, Aldegea SWF. Twadde klasse: 1 Auke Koopmans, Skearnegoutum; 2 Tineke Teigeler. Sibrandabuorren.



    << Terug


    Sponsors:

    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Noflik
    • Repko Sneek
    • Wiersma Wommels
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Narwal
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Walinga
    • Rabobank
    • Attema Heeg
    • D. Kuipers
    • Lip en partners
    • Leanbedriuw Okkema
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    Dizze webside is mei mooglik makke troch