• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THUIS ACTUEEL FRIES DAMMEN JEUGD DAMBOND CONTACT
  • NIEUWS
  • RUBRYK
  • AGENDA
  • Live

    ARCHIEF

    2018
  • Marten Walinga 1e Wereldkampioen Fries
  • Alexander Georgiev scoort drie keer op
  • WK Fries Dammen krijgt vorm
  • Eerste Wereldkampioenschap Fries Damme
  • Toernooiboek Open NK Fries dammen 2018
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Hartwert in maatsje te grut foar de Strikers.

    It is altiten wer in aardich treffen tusken de dammers fan hartwert en De Stadige Strikers. Ferline jier einige dy striid yn Skearnegoutum yn in gelyk spul. Oan dat moaie resultaat koene de Strikers yn de útwedstriid tsjin itselde Hartwert net oan tippe. Dochs seach de foarsitter foarútgong, want yn de lêste útwedstriid waarden se ferline jier yn Aldegea mei mar in heal puntsje yn de plus fan it boerd ôfseame. Yn Hartwert gong it al wer better, mar de Strikers krigen likegoed in pak op de bealch dat net allinne mar wat jokke. Hartwert is op dit stuit gewoan in maatsje te grut.

     

    Al mei al behellen de Strikers mar trije puntsjes. Trije winstspullen en gjin kampspullen. De gasthearen pakten njoggen kear de winst. Dan is it ferskil wol hiel grut. Sa bot hie dat fansels net hoegd, mar ja sa gong it dus wol. Guon fan ús ha har gewoan ynpakke litten. Tineke Teigeler net en dat betsjutte in ljochtpuntsje, want oant no ta hie Tineke noch nea in punt helle yn sa’n freonskiplike konfrontaasje. Ek ús nijkeap Sjoerd Huitema pakte de folle winst. Yn in deeglike partij fersloech er syn tsjinstanner. In moai resultaat. Foar de tredde punt soarge ús foarsitter Cor Kooistra. Yn it begjin like it der net op, dat er noch in heal puntsje foar de klup byinoar strike soe. Mar sa raar as it like, wie de stân yn wêzen net, Ja hy hie in daam tsjin. Dy moast Hein, de tsjinstanner, op in bepaald stuit opjaan en doe waard it spul op it skerpst fan de sneed útspile.

     

    Der waard ek ien partij foar de Fryslân Kup ferspile. Bauke Bos moast tsjin Herman Scheltinga. De freeds tefoaren hiene de mannen elkoarren al wat besnuffele op it toernoai yn Skearnegoutum. Doe wûn Herman. Moandeitejûn sieten de mannen mei in dûbele pet  op: se spilen foar de klup en foar de Kup. Bauke fielde de swierte fan dy dûbele pet net sa sear, sa hearde dat teminsten wol. Hy woe it mooglik mei praten winne, want hy kletste der wakker op los. Mar it kletsen op it boerd liet er oan Herman oer. Dat is dy lêste wol tafertroud hearden de Strikers fan de Hartwerters. Bauke hat mooglik tocht dat Herman bang foar him wurde soe, omdat hy Marten Walinga ek ferslein hie. No fan benaudens wie by Herman neat  te merken.

     

    Utslach: Hartwert – Stadige Strikers. Teake Kooistra – Willem Schaap 1 – 0; Hein de Vries – Cor Kooistra 0 – 1; Tsjerk Wybenga – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Germ Bruinsma – Dicky vander Meer 1 – 0; Jan Bouma – Bauke Dykstra 1 – 0; Sjouke de Boer – Ype Boelens 1 – 0; Ygram Wiebenga – Bauke de Boer 1 – 0; Lieuwe Eringa – Sjoerd Huitema 0 – 1; Piet Sikma – Paul Borghaerts 1 – 0; Douwe Annema – Hennie de Haan 1 – 0; Siebe Elzinga – Tieneke Teigeler 0 – 1; Fryslân Kup  Herman – Scheltinga – Bauke Bos 1 – 0. Einútslach 9 – 3.



    << Terug


    Sponsors:

    • Attema Heeg
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Lip en partners
    • Repko Sneek
    • D. Kuipers
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Leanbedriuw Okkema
    • Narwal
    • Noflik
    • Walinga
    • Wiersma Wommels
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Rabobank
    • Makelaardij Jan de Lange
    Dizze webside is mei mooglik makke troch