Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2019
  • De tiid hâldt gjin skoft: De lêste j
  • Neiprate oer Aldegea en Blauhûs en de
  • It hie minder kinnen, mar noch minder
  • Taeke Kooistra kampioen fluchdamjen 20
  • De jeugd hat de takomst.
    >> meer

    2018
  • Tiidneed brekt Sjoerd Huitema wol fake
  • Taeke Kooistra winner Stryk-ta troch S
  • Spullen foar de Fryslân Kup soargen f
  • Skearnegoutum op en nij minikampioen
  • In bysûnder sinteklazefeest by de Str
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Folkert Groenveld wint Wapenpartij



    Op de tiisdeis 13 en 20 novimber waard yn Jorwert de "Wapen van Baarderadeel"-partij holden, yn syn noch mar koarte bestean yne omwanneling no al omdoopt c.q. ôfkoarte ta "Wapenpartij". Earder stie dit barren fansels bekend as de "Littenseradielpartij", it iepen kampioenskip fanLittenseradiel. Mar sûnt dy gemeente op 1 jannewaris 2018 opgien is yn gemeente Ljouwert siet dit kampioenskip wat yn in idintiteitskrisis. De Jorwerter organisaasje is úteinliks net meigien yn e skaalfergrutting, mar hat der krektoarsomfoar keazen om him werom te lûken op syn eigen stins, oftewel it pleatslike kafee. Sadwaande.

    Fan de lju yn e heechste groep wiene der twa dammers dy t ridlikerwize oanmurken wurde koene as favoryt. Dat wieneMarten Walinga en Foeke Tiemensma, beide lid fan it Lollumer "De Rûge Wolf". No woe it wrede lot dat beide matsjedoaren it yn e earste omloop fuortendaliks al tsjin inoar opnimme moasten. It waard in kranksinnige partij, dy t sels yn it ynternasjonale spul al in harsenskraber west hawwe soe. Neffens de Fryslankupspulrigels waard it hielendal in kopbrekker, benammen ek mei it each op e 45 menuten dy t beide mannenmar ta har foldwaan hiene. Walinga like in wat geunstiger omsingeling te hawwen, mar Houdini Tiemensma koe him ûnder de druk ut wrakselje, en doe draaiden de kânsen. Walinga gong úteinliks kopke ûnder.

    Der wiene yn dy earste omloop noch trije oare winners: Folkert Groenveld (wûn fan Klaas Wiersma), Bauke Dykstra (wûn fan Liuwe Westra) en Cor Kooistra (wûn fan Dicky van der Meer). Mar dy mannen lieten it yn e twadde omloop fuortendaliks sitte. Dykstra en Groenveld spilen kamp tsjininoar, en Cor Kooistra koe net tsjin Foeke Tiemensma op. Dat, nei twa omlopen hie allinne Tiemensma de folle winst, op in heal punt folge troch Groenveld en Dykstra.

    De twadde tiisdeis mocht Dykstra tsjin Tiemensma, mar de Tynster kaam dúdlik tekoart. Groenveld hie it op papier tsjin Cor Kooistra wat makliker, en makke dat yndied wier. In finale tusken Tiemensma en Groenveld wie it logyske gefolch. Lang like it der op dat Tiemensma, noch altyd sûnder puntferlies, dit miel ek wol even behimmelje soe. Mar no wie it Groenveld dy t de Houdini-rol op him naam. Yn grutte tiidneed slagge it him om Tiemensma syn oanfal troch allegearre slaanderij te ûntregeljen. Dy koe doe net mear troch Groenveld syn formaasje hinne komme, wylst de Jutriper wol fleurich nei daam trochtippelje koe. Dat sa koe Groenveld nei 2016 ek de edysje 2018 fan dit barren op syn namme skriuwe.

    Doe t de krûddampen oplutsen wiene, die bliken dat Tiemensma mei syn 3 punten noch wol safolle oerhâlden hie, dat it fleispakket foar de twadde priis sines wie. Marten Walinga - hy kaam nei syn ferlies tsjin Tiemensma tsjin Dicky van der Meer ek al net fierder as in kampspul - belibbe op e twadde jûn in weropstanning mei winstpartijen tsjin Liuwe Westra en Klaas Wiersma. Dat smiet him dochs noch in tredde plak op.

    Yn e B-klasse leine de kaarten aardich dúdlik. Willem Dykstra, dy t kwa damkrêft miskien wol yn e heechste groep thúsheard hie, wie hjir oppermachtich. Hy wûn dus ek fan de Hilaarder Rinze Schukken. De Jorwerter Frans Kingma damme ek in bêst toernoai, mar hy koe dochs net tsjin dy beide oare mannen op.

    It wie oars dochs al in topjûn foar de Dykstra s. Willem syn broer Jelte wûn nammentlik alles yn e C-groep, dat hy mocht nei ôfrin ek mei it swierste fleispakket op hûs oan. Dêr kaam nochris by dat Dykstra nûmer trije, Jelte syn soan Emke, it foar syn dwaan ek poerbêst die. Mei syn twa punten damme er him mar krekt bûten de prizen, want Jan Nauta en Ale Kundersma hiene krekt in heal puntsje mear.

    En nei ôfrin fan e "Wapen van Baarderadeel"-partij bleau it noch lang gesellich yn "Het Wapen van Baarderadeel".


    Utslaggen en einstannen A-klasse
    Earste omloop: Bauke Dykstra - Liuwe Westra 1-0; Cor Kooistra - Dicky van der Meer 1-0; Foeke Tiemensma - Marten Walinga 1-0; Folkert Groenveld - Klaas Wiersma 1-0.
    Twadde omloop: Wiersma - Westra 0-1; Walinga - Van der Meer 0,5-0,5; Kooistra - Tiemensma 0-1; Dykstra - Groenveld 0,5-0,5.
    Tredde omloop: Groenveld - Kooistra 1-0; Westra - Walinga 0-1; Tiemensma - Dykstra 1-0; Van der Meer - Wiersma 0-1.
    Einstân: Groenveld 3,5; Tiemensma 3; Walinga 2,5; Kooistra en Westra 2; Dykstra 1,5; Wiersma 1; Van der Meer 0,5.

    B-klasse
    Earste omloop: Fokke Looijenga - Frans Kingma 0-1; Willem Dykstra - Bonne Hylkema 1-0; Rinze Schukken - Siebren Dyk 1-0.
    Twadde omloop: Dykstra - Dyk 1-0; Hylkema - Looijenga 1-0; Kingma - Schukken 0-1.
    Tredde omloop: Schukken - Dykstra 0-1; Dyk - Looijenga 1-0; Hylkema - Kingma 0-1.
    Fjirde omloop: Dyk - Hylkema 0-1; Dykstra - Kingma 1-0; Looijenga - Schukken 0-1.
    Einstân: Dykstra 4; Schukken 3; Kingma en Hylkema 2; Dyk 1; Looijenga 0.

    C-klasse
    Earste omloop: Mathieu van den Bogaard - Emke Dykstra 0-1; Gertjan van Kamp - Ale Kundersma 0-1; Jan Nauta - Jelte Dykstra 0-1.
    Twadde omloop: E. Dykstra - Van Kamp 1-0; Kundersma - Nauta 0,5-0,5; J. Dykstra - Van den Bogaard 1-0.
    Tredde omloop: Nauta - Van Kamp 1-0; Van den Bogaard - Kundersma 0-1; E. Dykstra - J. Dykstra 0-1.
    Fjirde omloop: Van Kamp - Van den Bogaard 1-0; E. Dykstra - Nauta 0-1; J. Dykstra - Kundersma 1-0.
    Einstân: J. Dykstra 4; Nauta en Kundersma 2,5; E. Dykstra 2; Van Kamp 1; Van den Bogaard 0.

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Rabobank
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Noflik
    • Lip en partners
    • Repko Sneek
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Attema Heeg
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Walinga
    • D. Kuipers
    • Leanbedriuw Okkema
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Narwal
    • Wiersma Wommels
    Dizze webside is mei mooglik makke troch