Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2019
  • De tiid hâldt gjin skoft: De lêste j
  • Neiprate oer Aldegea en Blauhûs en de
  • It hie minder kinnen, mar noch minder
  • Taeke Kooistra kampioen fluchdamjen 20
  • De jeugd hat de takomst.
    >> meer

    2018
  • Tiidneed brekt Sjoerd Huitema wol fake
  • Taeke Kooistra winner Stryk-ta troch S
  • Spullen foar de Fryslân Kup soargen f
  • Skearnegoutum op en nij minikampioen
  • In bysûnder sinteklazefeest by de Str
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Tiidneed brekt Sjoerd Huitema wol faker op.

    Sjoerd Huitema kin omraak damje. Dat liet er moandeitejûn wer sjen. Hy hold de sterke Sjoerd Jan Bakker aardich yn ’e stokken. Spitigernôch bruts tiidneed him yn it einspul noch soer op. Foar de yn it sâlt bebiten dammers Frysk spul binne in protte streken hiel logysk. Dêr hoege se ek net lang oer nei te tinken. By Huitema leit dat oars. Hy hat syn hiele libben de Hollânske fariant spile. Foar him binne yn dat spul in protte streken ek logysk, mar no’t er al in pear jier ek it Fryske damjen beöefenet, binne foar him dy streken noch net sa dat er se ien-twa-trije docht. Nee hy moat der earst noch wol even oer neitinke. Dêrnei binne dy streken hast ek altiten goed. Sa gyng dat ek yn de partij fan him tsjin Bakker. De lêste hie noch 45 minuten op de klok en hy noch 2 en in heale minút. Yn dy tiid moast er der mei syn daam foar soargje, dat Bakker der net noch in houtsje troch krije soe. Ien ferkeard streekje en sa’n houtsje fljocht der troch hinne en wurdt dan daam. Doe’t it hout der sa goed as trtoch wie, foel de flage fan Sjoerd. Spitich foar Huitema, want in healtsje hie er dûbel en dwers fertsjinne. Troch dat lange tinken komt Sjoerd wol faker yn tiidneed en dan rint it faak net goed ôf.

    Tineke Teigeler starte mei in protte moed tsjin Bauke Dykstra. Har stelling like der hiel aardich op. Se tocht dat se Dykstra wol efkes in poat útdraaie koe mei in moai loopke. Foar har wie it spitich dat Dykstra krekt even oars sloech as wat sy yn gedachten hie. Doe gie itfeest net troch en Tineke bleau wat mei in ferfelend foarlik houtsje sitten. Op dat hout koe Dykstra syn pylken rjochtsje. Hy skeat in pear setten goed raak. Hy sloech wol fiif yn ien kear. Doe koe Tineke de bakker en de slachter wol ôfsizze.

     

    Earst hienen Willem Schaap en Cor Kooistra tsjin de beide jongeren in potsje spile om se de iepeningen wat by te bringen. Dêrnei gongen se sels mei-elkoar yn de slach. Dat soe in prachtich gefjocht wurde. In moaie iepen partij mei in protte driging. Net ien fan beiden stapte yn in falle en sa berikten se mei in moaie stân it einspul. It kaam krekt, mar mear as kamp koe net ien fan beiden der út krije.

     

    Utslaggen: Bauke Bos – Hennie de Haan 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Sjoerd Huitema 1 – 0; Jelle Wiersma – Ype Boelens 1 – 0;Tineke Teigeler – Bauke Dykstra 0 – 1; Hester Boelens – Hessel Boelens 1 – 0; Willem Schaap – Cor Kooistrs ½ - ½.



    << Werom


    Sponsors:

    • D. Kuipers
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Noflik
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Leanbedriuw Okkema
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Wiersma Wommels
    • Lip en partners
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Attema Heeg
    • Narwal
    • Rabobank
    • Repko Sneek
    • Walinga
    Dizze webside is mei mooglik makke troch