Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2019
  • Nestor Bauke de Boer wûn de earste th
  • Persoanlik kampioenskip ‘tredde acht
  • Loting 1e ronde Fryslan kup
  • De soan pakt syn heit even aardich oan
  • Sjoerd Huitema hie mear fertsjinne.
    >> meer

    2018
  • Tiidneed brekt Sjoerd Huitema wol fake
  • Taeke Kooistra winner Stryk-ta troch S
  • Spullen foar de Fryslân Kup soargen f
  • Skearnegoutum op en nij minikampioen
  • In bysûnder sinteklazefeest by de Str
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Nei ien potsje gewoan en fiif potsjes Frysk.

    De Fryslân Kup soarget foar bysûndere mominten yn de damsport Frysk spul. Moandeitjûn ferwolkomme damklup de Stadige Strikers Siebe Walinga út Aldegea. Him waard lykas de oare oanwêzige dammers in sportive en in gesellige jûn tawinske. Sportyf wie it, mar úteinlik like it wat in lotterij te wurden nei seis potsjes wat de striid om de Fryslân Kup oanbelange.

     

    Walinga, ferline jier waard er de winner fan de Kup, moast it opnimme tsjin de foarsitter fan de Strikers: Cor Kooistra. De bookmakers sille allegearre wol op Walinga stimd ha as de winner. No hy moast nei in prachtige gewoane partij fan hast trije oeren lang remize tastean. Ja en dan skriuwe de foarskriften foar dat der in beslissing falle moat troch in potsje Frysk, fiif tsjin fiif houtsjes. As dat dan ek kamp wurdt, moat der wer in potsje Frysk skood wurde. No moandeitejûn kaam dêr hast gjin ein oan. Mar leafst fiif partijtsjes Frysk wiene nedich. Yn it lêste moast de foarsitter de holle bûge en koe er Siebe sukses winskje foar de folgjende rûnte. Neffens Siebe hie syn tsjinstanner yn it tredde potsje taslaan kinnen. No dat is dus net bard. Op himsels wie it in spannende striid en dêr giet it ek om.

     

    Utslaggen: Ype Boelens – Sjoerd Huitema 0 – 2; Sjoerd Jan Bakker – Hennie de Haan 1 – 0; Dicky van der Meer – Bauke Dykstra 1 – 0; Tineke Teigeler – Bauke de Boer 0 – 1; Bauke Bos – Bauke de Boer 1 – 0; Fryslân Kup: Cor Kooistra – Siebe Walinga ½ - ½.



    << Werom


    Sponsors:

    • Leanbedriuw Okkema
    • Narwal
    • Walinga
    • Repko Sneek
    • Noflik
    • Lip en partners
    • Attema Heeg
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Rabobank
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Wiersma Wommels
    • D. Kuipers
    Dizze webside is mei mooglik makke troch