Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2019
  • De tiid hâldt gjin skoft: De lêste j
  • Neiprate oer Aldegea en Blauhûs en de
  • It hie minder kinnen, mar noch minder
  • Taeke Kooistra kampioen fluchdamjen 20
  • De jeugd hat de takomst.
    >> meer

    2018
  • Tiidneed brekt Sjoerd Huitema wol fake
  • Taeke Kooistra winner Stryk-ta troch S
  • Spullen foar de Fryslân Kup soargen f
  • Skearnegoutum op en nij minikampioen
  • In bysûnder sinteklazefeest by de Str
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • It hie minder kinnen, mar noch minder hast net.

    Damklup Nocht & Kriich fan Aldegea wie ôfrûne moandeitejûn gasthear fan de Stadige Strikers. Doe’t de Strikers It Joo yn kamen, foel it harren  op dat de mannen fan de thúsploech der wat skruten en eangstich útseagen. De aap kaam al ridlik gau út de mouwe. Ien fan harren fertelde dat se de wyks dêrfoar in aardich wân bruien krigen hienen fan damklup Hartwert e.o. Se hienen der suver in hiele wike lang gjin wink troch yn de eagen hân. Mar fiif puntsjes pakten se, it koe hast net minder. Of koe dat mooglik wol.

     

    As jo as gast sa’n selskip hearen twivelriedich en wanhopich oantreffe, dan tinke jo al gau: Hiir kin jûn wol in kânske foar de Strikers ynsitte. Nei de praatsjes fan de beide foarsitters, dy’t út namme fan de klups seinen dat se wakker sin oan de komfrontaasje hienen, koe it spul los. De foarsitter fan  N&K hie it der noch oer tsjin syn tsjinstanner Ype Boelens: “Sa as ferline wike tsjin de Hartwerters: it koe net minder”.  “Dat is fansels net wier” sa spruts Ype. “It hie noch minder kinnen, wy binne hjir alles wei kommen mei in heale punt!”

     

    “Folkert hast de sinnebril by dy, dy hast wol nedich oars wurdst mooglik ferbline troch it fluorisearjende fest fan dyn tsjinstanner” Ja dat wie ek wat. Ien fan de Strikers hie in frij wat giel fest oan en in hiel soad fan dy dammers fernuveren har dêr oer.”Hy is mooglik ien fan de giele hesjes”miende ien. En in oaren fûn it mear in marker, in fluorisearjende merkstift. Gelokkich kin de man dy’t sa fleurich yn de pronk wie wol tsjin in grapke, mar it waard de oare dammers ek wol dúdlik dat de Strikers yn in frijwat wrâldfrjemde mienskip bedarre wienen. Hoe dan ek it wie al mei al wol hiel gesellich.

     

    En it damjen dan? Sil de lêzer him mooglik ôffreegje. No dat damjen gyng ek poerbêst. Sjoch de dammers Frysk Spul kinne alle kanten út en dêrom kinne se ek echt wol oer wat leven om har hinne. It poerbêste sloech foaral op it spul fan de de Strikers. De earste punt waard opeaske troch Paul Borghaerts en dêrnei reinde it suver punten foar de gasten. Nei in oardel oere stie it ien-seis. Noch in heal puntsje en de winst soe binnen wêze. En dat healtsje kaam. Bauke Bos pakte dat tsjin Gosse de Vries. Doe sieten der noch in pear spullen en dêr waarden ek noch twa grouwe punten út pakt. De einútslach: 3½ - 8½.

     

    Doe moast der noch ôfsluten wurde, mar de foarsitter like poater te wêzen. Hy hie it mooglik krekt efkes wat te krap hân. Dêrom tochten guon al, dat er útpykt wie. Mar ynienen wie er wer paraat. Syn praatsje klonk tige ynnimmend, mar oer de einútslach hie er it net. Hy lokwinske de Strikers troch harren foarsitter de hân te jaan. De lêste hat doe mar de útslach bekend makke. De beker hoegde net oanbean te wurden, want dy stie noch yn de fitrine te pronkjen. Letter hearden wy fan minsken út it Swettehûs, dat dy beker op dy moandeitejûn let efkes stie te triljen en suver wat mear begûn te glimmen. Hoe is it mooglik net. De wûnders binne de wrâld noch net út en foar de Strikers hie it wol minder kinnen.

     

    Utslach: Folkert groenveld – Jelle Wiersma 0 – 1; Siebe Walinga – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Pieter Hoogterp – Dicky van der Meer 0 – 1; Sjoerd Couperus – Willem Schaap 0 – 1; Rein Jan Walinga – Bauke Dykstra 1 – 0; Folkert Attema – Cor Kooistra 0 – 1; Johannes Hoekstra – Ype Boelens 0 – 1; Beke Haanstra – Sjoerd Huitema 0 – 1; Meike van der Meer – Bauke de Boer 0 – 1; Gosse de Vries – Bauke Bos ½ - ½; Jolke Groenveld – Paul Borghaerts 0 – 1; Durk Rypma – Tineke Teigeler 1 – 0. Nocht & Kriich – De Stadige Strikers 3½ – 8½;



    << Werom


    Sponsors:

    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Leanbedriuw Okkema
    • Wiersma Wommels
    • Repko Sneek
    • Lip en partners
    • Rabobank
    • Attema Heeg
    • Walinga
    • Noflik
    • D. Kuipers
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Narwal
    • Zeinstra Blauwhuis
    Dizze webside is mei mooglik makke troch