Oprop Wapenpartij
Tradysjoneel wurdt yn novimber yn Jorwert it kampioenskip fan Littenseradiel spile, ek wol bekend as de Littenseradielpartij. Noch earder wie dat nammers de Baarderadielpartij, mar yn 1984 kaam troch in gemeentlike weryndieling in ein oan dy namme. No, wer in weryndieling letter, hie it dan miskien Ljouwertpartij wurde moatten, mar dat giet de organisearjende damklup OKK te fier. De Jorwerters hâlde it leaver lokaal, en dêrom wurdt it tenei de Wapen van Baarderadeel-partij.
Wat bliuwt is dat it in iepen toernoai is: alle dammers meie meidwaan. Hja wurde yndield neffens spylsterkte, safolle mooglik yn groepen fan acht. Dêrbinnen jildt it Switsers systeem. Yn totaal wurde fjouwer partijen spile, mei hyltyd 45 menuten op e klok.
De spyldatums dit jier binne de tiisdeis 13 en 20 novimber. Beide jûnen begjint it om healwei achten. De prizen lizze yn e konsumptive sfear.
Opjefte kin by Willem Dykstra, 06-28655441. Plak fan hanneling is fansels it wrâldferneamde kafee "Het Wapen van Baarderadeel" yn Jorwert.
<< Terug
|