• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THUIS ACTUEEL FRIES DAMMEN JEUGD DAMBOND CONTACT
  • NIEUWS
  • RUBRYK
  • AGENDA
  • Live

    ARCHIEF

    2019
  • De tiid hâldt gjin skoft: De lêste j
  • Neiprate oer Aldegea en Blauhûs en de
  • It hie minder kinnen, mar noch minder
  • Taeke Kooistra kampioen fluchdamjen 20
  • De jeugd hat de takomst.
    >> meer

    2018
  • Tiidneed brekt Sjoerd Huitema wol fake
  • Taeke Kooistra winner Stryk-ta troch S
  • Spullen foar de Fryslân Kup soargen f
  • Skearnegoutum op en nij minikampioen
  • In bysûnder sinteklazefeest by de Str
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Tineke Teigeler pakt har pr troch de winst op in “herintreder”.

    Dat Tineke Teigeler altiten like fleurich by de klup fan de Stadige Strikers oanskood, is op himsels al in merakel. Hast alle kearen gyng se ferline jier mei in nul nei hûs. Ien suterich kampke, in heal puntsje, waard der foar har op de kompetysjelist skreaun. Alle kearen  nimt se  likegoed mei fol entûsjasme wer plak efter it damboerd. Har doel foar dit jier wie: it oantal punten fan ferline jier oertreffe. In nij pr wie dus it doel. Dêr is se yn slagge tsjin ïn “herintreder”.

     

    No is dy herintreder net de earste de bêste, mar in gedegen dammer. As syn namme Paul Borghaerts is, en dat is dy, dan witte de ynwijden wol dat dy man in aardich poepke damme kin. In wykmannich lyn joech er oan dat er him werom luts út de kompetysje fanwege in soad oare drokte. Moandeitejûn wie er der wer en elkenien hat him ferwolkomme. Prachtich.

     

    Tineke en Paul makken der in hiele moaie partij fan. Se ûntrûnen elkoar neat. Se krigen ek allebeide sa’n bytsje tagelyk in daam. It omsittend laach tocht , dat it wol remize wurde soe. Dat moat dan fansels altiten noch mar. Oan Tineke wie te sjen dat se earne op longere. Op in set fan Paul dy’t har de winst bringe soe. Paul sels hie der al hielendal gjin euvelmoed yn. Hy miende dat er mei in streekje rjochting de daamline wer in stapke fierder kommen wie foar syn twadde daam. Dêr longere Tineke no krekt op. Sy hoegde net lang te tinken: liet har houtsje slaan troch Paul syn foarlike hout en koe dêrnei mei har daam it houtsje en Paul syn daam der ôffege. It p.r. wie binnen.

    It moast der miskien wol in kear fan komme, dat nestor Bauke de Boer oan it koarste ein lûke soe. Tsjin Sjoerd Jan Bakker koe er it net bolwurkje. No koe er him dat sels ek wat oanrekkenje, want hy skode even te rap. Nei’t er dat die, seach er al dat er sa in houtsje ferspile. Mei in houtsje efter tsjin Sjoerd Jan Bakker, dan witte jo it wol. Der is dan ornaris gjin salve mear oan te striken.

     

    Der sitte no twa Snitser pubers by ús op de klup. Wy sjogge mei graachte de Skearnegoutumer pubers ek opdaagjen. Der binne noch wol in stikmannich dy’t de spulregels noch wol witte en oars wurde se troch de oare Strikers wol oanleard.

     

    Utslaggen: Bauke Dykstra – Dicky van de Meer 1 – 0; Bauke de Boer – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Jelle Wiersma –Bauke Bos 1 – 0; Paul Borghaerts – Tineke Teigeler 0 – 1; Cor Kooistra – Willem Schaap 0 – 1.



    << Terug


    Sponsors:

    • Repko Sneek
    • D. Kuipers
    • Leanbedriuw Okkema
    • Lip en partners
    • Wiersma Wommels
    • Attema Heeg
    • Narwal
    • Noflik
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Walinga
    • Rabobank
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    Dizze webside is mei mooglik makke troch