• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THUIS ACTUEEL FRIES DAMMEN JEUGD DAMBOND CONTACT
  • NIEUWS
  • RUBRYK
  • AGENDA
  • Live

    ARCHIEF

    2019
  • Tineke Teigeler sleepte de winst foar
  • De earste damjûn eineget mei In presi
  • ‘Tredde Acht’ Persoanlik Kampioens
  • De tiid hâldt gjin skoft: De lêste j
  • Neiprate oer Aldegea en Blauhûs en de
    >> meer

    2018
  • Tiidneed brekt Sjoerd Huitema wol fake
  • Taeke Kooistra winner Stryk-ta troch S
  • Spullen foar de Fryslân Kup soargen f
  • Skearnegoutum op en nij minikampioen
  • In bysûnder sinteklazefeest by de Str
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Skearnegoutum op en nij minikampioen

     

     

     

    Skearnegoutum wûn op freed 30 septimber foar de safolste kear it miniklupkampioenskip. "De Stadige Strikers" dogge har namme gjin eare oan troch krekt yn in potsje fluchdamjen sa te eksellearjen. Al helpt grif ek dat de Swettelju al lang it ynsjoch ha dat jo mear kâns meitsje as jo in swiere delegaasje ôffurdigje. Dat wie no mei Cor Kooistra, Willem Schaap, Ype Boelens en Paul Borghaarts ek wer it gefal.

     

    Spitigernôch wie der foar dit minifluchdamklupkampioenskip gâns minder flecht op e koai as by de edysje fan 2017. It tal dielnimmers wie troch de helte gien, al lei dat der ek wat oan dat der ferline jier twa Ytaljaanske ploegen meidiene. Om dochs noch wat in kompetysje-elemint yn beide klassen te hâlden, waarden de ploegen yndield yn twa klassen fan trije. Yn e heeechste sieten erkende klups Skearnegoutum, Aldegea en Hartwert, wylst Blauhús en en de beide Jorwerter ploegenta de twadde garnituer rekkene waarden. Likegoed spile yn fiif omlopen elk in kear tsjin elk.

     

    Dat Skearnegoutum úteinliks winne soe, dêr like it yn e earste omloop noch net op. De Strikers gongen nammentlik fuortendaliks ûnderút tsjin Jorwert I. Mar dêrnei wûnen de Skearnegoutumers hyltiten mei 3-1 en ien kear sels mei 4-0,dat de mannen fertsjinnen nei ôfrin de fear op e hoed. Dy 4-0 wie tsjin Jorwert II, in fjouwertal dat dúdlik meidie yn it ramt fan e olympyske gedachte. Sels de lokale eare heechhâlde slagge de ploech net: net allinnich dat it tal wedstriidpunten op nul útkaam, it oantal buordpunten wie oan e ein ek net heger.

     

    Wie it mei Skearnegoutum en Jorwert II in heldere saak, de oare ploegen ûntrûnen inoar hast net, en dêrmei bliek dat dy yndieling yn klassen ek wat keunstmjittich wie. Sa waard Blauhús kampioen yn e B-klasse, mar mei har 3 wedstriidpunten en 13 buordpunten hiene se ek twads wurden yn e A-klasse. En Hartwert, de nûmer trije fan e A-klasse, hie oan e ein mei 2,5 wedstriid- en 10,5 buordpunten likefolle byinoarskarrele as de Jorwert I, de nûmer twa fan e B-klasse.

     

    Meiinoar betsjutte it wol dat it dy freedtejûn op e Jorwerter boppeseal spanning en gjin wie. Gjin niget dat de dielnimmers dêrnei yn e jachtweide even bykomme moasten. En doe koe it grutte spekulearjen ek fuortendaliks begjinne. Lykas, om mar ris wat te neamen, de grutte fraach hoe t it aanst yn Easterein yn e kampioensklasse komt as Blauhús de foarm fan it miniklupkampioenskip fêsthâlde kin ....

     

    Utslaggen en einstannen

    1ste omloop: Skearnegoutum - Jorwert I 1,5-2,5; Hartwert - Blauhús 2,5 - 1,5; Aldegea - Jorwert II 4-0.

    2de omloop: Jorwert II Skearnegoutum 0-4; Blauhús - Aldegea 3,5 - 0,5; Jorwert I - Hartwert 2-2.

    3de omloop: Hartwert - Jorwert II 4-0; Skearnegoutum - Aldegea 3-1; Jorwert I - Blauhús 1-3.

    4de omloop: Aldegea - Hartwert 3-1; Jorwert II - Jorwert I 0-4; Blauhús - Skearnegoutum 1-3.

    5de omloop: Skearnegoutum - Hartwert 3-1; Jorwert I - Aldegea 1-3; Blauhús - Jorwert II 4-0.

    Einstân A-klasse (mei tusken heakjes it tal buordpunten): 1. Skearnegoutum 4 (14,5). 2. Aldegea 3 (11,5). 3. Hartwert 2,5 (10,5).

    B-klasse: 1. Blauhús 3 (13). 2. Jorwert I 2,5 (10,5). 3. Jorwert II 0 (0).



    << Terug


    Sponsors:

    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Walinga
    • Noflik
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Zeinstra Blauwhuis
    • D. Kuipers
    • Lip en partners
    • Leanbedriuw Okkema
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Narwal
    • Wiersma Wommels
    • Repko Sneek
    • Attema Heeg
    • Rabobank
    Dizze webside is mei mooglik makke troch