• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THUIS ACTUEEL FRIES DAMMEN JEUGD DAMBOND CONTACT
  • NIEUWS
  • RUBRYK
  • AGENDA
  • Live

    ARCHIEF

    2019
  • De tiid hâldt gjin skoft: De lêste j
  • Neiprate oer Aldegea en Blauhûs en de
  • It hie minder kinnen, mar noch minder
  • Taeke Kooistra kampioen fluchdamjen 20
  • De jeugd hat de takomst.
    >> meer

    2018
  • Tiidneed brekt Sjoerd Huitema wol fake
  • Taeke Kooistra winner Stryk-ta troch S
  • Spullen foar de Fryslân Kup soargen f
  • Skearnegoutum op en nij minikampioen
  • In bysûnder sinteklazefeest by de Str
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Jelle Wiersma op nij damkampioen

    Jelle Wiersma hat sneon yn Aldegea (SWF) it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul op syn namme skreaun. It wie de tredde kear efterinoar dat de Wommelser dat prestearde, neidat dêrfoar Taeke Kooistra út Hartwert jierrenlang oan it bewâld west hat. Kooistra kaam no net fierder as it tredde plak.

     

    It waard de moarns fuortdaliks dúdlik hoe t de kaarten der foar stiene. Beide matsjedoaren moasten tsjininoar. Der waard earst wakker hinne en wer lavearre, oant Wiersma in trochbraak nei daam naam. Dêr hie Kooistra gjin antwurd mear op.  Sa bleau der foar Wiersma noch ien mooglike konkurrint oer, en dat wie Marten Walinga. De Waaksenser hie de moarns ôfrekkene mei de altyd lestige Henk Haanstra, en hie sa noch altyd mar in heal punt efterstân op Wiersma.

     

    De middeis wie it programma krekt oarsom. Haanstra moast no tsjin Wiersma, en doe liet de Aldegeaster sjen dat er wier wol in poepke damje kin. Hy sette Wiersma yn it begjinnende einspul goed ûnder druk, dat de Wommelser moast fanneed wol materiaal offerje. Hy tocht dat er slûchslim noch wol oan in ferlies ûntkomme koe, mar dêr struts Haanstra in skoatteltsje foar.

     

     

    Henk Haanstra tsjin rjochts kampioen Jelle Wiersma (foto: M. Walinga).

     

    Wiersma bleau dus op sechtel punt stykjen. Troch te winnen soe Marten Walinga him foarbystrike kinne. Safier kaam it lykwols net. Taeke Kooistra ferdigene him tûk, en kaam der yn it einspul sels better op te stean. Walinga moast hout kwyt om troch te brekken, mar dat holp net, want Kooistra hie de fangstelling al klear stean. Dat sa waard Jelle Wiersma dochs wer persoanlik kampioen.

     

    Underyn wie it allike spannend. De beide degradaasjekandidaten Hein de Vries en Siebe Walinga krigen ynienen de guit, mar dat bliek oan de ein foar beiden net genôch te wêzen. De mannen wurde opfolge troch Kees Tijssen (Reduzum) en Willem Schaap (Dearsum). Benammen foar Tijssen wie dat in opfallende prestaasje. Lang hold er frij ûnopfallend ta yn de twadde acht, mar no damme er as yn syn jonge jierren.

     

    Yn de tredde acht die de âlderein it ek bêst. Cor Kooistra promovearre wer werom nei de twadde acht. Folle opfallender noch wie it earste plak fan Sjoerd Couperus. De Snitser hoegde yn sân partijen mar ien kampspul ta te stean, en dat is foar in 88-jierrige in prestaasje dy t wol yn de krante mei.

     

     

    Utslaggen en einstannen fan it persoanlik kampioenskip damjen Frysk spul

     

    Kampioensklasse, sechsde omloop: Taeke Kooistra (Hartwert) - Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Henk Haanstra (Aldegea SWF) - Marten Walinga (Waaksens) 0-1, Hein de Vries (Ljouwert) - Siebe Walinga (Aldegea SWF) 1-0, Piter Hoogterp (De Gaastmar) - Tjerk Wijbenga (Arum) 0-1.

    Sande omloop: Wiersma - Haanstra 0-1, M. Walinga - Kooistra 0-1, Wijbenga - De Vries 0-1, S. Walinga - Hoogterp 1-0.

    Einstân: 1. Wiersma 5,5; 2. M. Walinga 5; 3. Kooistra 4,5; 4. Haanstra 4; 5. Wijbenga 3; 6. Hoogterp 2,5; 7. De Vries 2; 8. S. Walinga 1,5.

     

    Twadde acht, sechsde omloop: Folkert Groenveld (Jutryp) - Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0-1, Sjoerd Jan Bakker (Snits) - Kees Tijssen (Reduzum) 0-1, Willem Schaap (Dearsum) - Bauke Dijkstra (De Tynje) 1-0, Liuwe Westra (Lollum) - Fedde Wiersma (Easterein) 0-1.

    Sande omloop: Hoekstra - Bakker 0-1, Tijssen - Groenveld 1-0, Wiersma - Schaap 0-1, Dijkstra - Westra 0,5-0,5.

    Einstân: 1. Tijssen 6; 2. Schaap 5; 3.; Dijkstra 3,5 (12,25); 4. Hoekstra 3,5 (8,75); 5. Groenveld 3 (10,25); 6. Bakker 3 (9,5); 7. Westra 2 (6,25); 8. Wiersma 2 (5).

     

    Tredde acht, sechsde omloop: Piet Sikma (Hartwert) - Dicky van der Meer (Terherne) 0-1, Cor Kooistra (Nijlân) - Sjoerd Couperus (Snits) 0-1, Ype Boelens (Menaam) - Siebren Dyk (Jorwert) 0-1, Frans Kingma (Jorwert) - Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0.

    Sande omloop: Van der Meer - Kooistra 0-1, Couperus - Sikma 1-0, Wiersma - Boelens 0-1, Dyk - Kingma 0,5-0,5.

    Einstân: 1. Couperus 6,5; 2. Kooistra 5; 3. Dyk 4; 4. Van der Meer 3 (8,5); 5. Boelens 3 (8,5); 6. Sikma 2,5; 7. Kingma 2 (5,5); 8. Wiersma 2 (5,5).

     

    (Tekst: S. Dyk)

     

     



    << Terug


    Sponsors:

    • Walinga
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Leanbedriuw Okkema
    • Lip en partners
    • Rabobank
    • Wiersma Wommels
    • Repko Sneek
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Narwal
    • Attema Heeg
    • Noflik
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • D. Kuipers
    Dizze webside is mei mooglik makke troch