• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THUIS ACTUEEL FRIES DAMMEN JEUGD DAMBOND CONTACT
  • NIEUWS
  • RUBRYK
  • AGENDA
  • Live

    ARCHIEF

    2019
  • Tineke Teigeler sleepte de winst foar
  • De earste damjûn eineget mei In presi
  • ‘Tredde Acht’ Persoanlik Kampioens
  • De tiid hâldt gjin skoft: De lêste j
  • Neiprate oer Aldegea en Blauhûs en de
    >> meer

    2018
  • Tiidneed brekt Sjoerd Huitema wol fake
  • Taeke Kooistra winner Stryk-ta troch S
  • Spullen foar de Fryslân Kup soargen f
  • Skearnegoutum op en nij minikampioen
  • In bysûnder sinteklazefeest by de Str
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • De tiid hâldt gjin skoft: De lêste jûn al wer.

    De tiid hâldt gjin skoft seit in Frysk sechje. Wat fljocht dy tiid om. Noch mar kwalik útein setten en no is de kompetysje al wer oan de kant. De houtsjes kinne yn de doaskes en dy houtsjes gunne wy de hiele lange maitiid en simmer harren wol fertsjinne rêst. Alle moandeitejûnen fan ein septimber ôf oant no ta ha sy it ús mooglik makke dat wy ús moaie Fryske spul spylje koenen. Op de lêste jûn ha se ús noch wakker geriifd. Damhoutsjes op in skaakboerd bygelyks. Dy houtsjes moatte dêr wol oer kinne fansels. It kin op de lêste jûn.

     

    Moai op tiid ha de Stadige Strikers moandeitejûn 1 april it damskoft  yn in tige gesellige sfear ôfsluten. Op ien man nei wie elk oanwêzich. Der is sa as meastal wer wakker mei alderhande damfarianten spile. Nei de earste ronde waarden lotsjes ferkocht foar de lotterij mei in fracht oan prizen. Sa waarden de Strikers ek noch sponsere troch Poiesz. De mem fan ús jeugdleden hie dat by har baas regele. En der stûn fansels ek wer in hearlike taart, bakt troch Tineke, tusken de prizen. Alle leden hienen in priis meinommen. Der waarden hiel wat lotsjes ferkocht, dus ús ponghâlder hie in bêste jûn, syn damjen hie wol wat better kinnen. Mar ja men kin ek net alles hawwe.

     

    Nei de twadde ronde waarden de prizen ferlotte. Troch al dy prizen naam dat hiel wat tiid yn beslach. Wat hiel opfallend wie en dat sjocht men wol faker, dat guon de iene priis nei de oare binnen helje, wylst in oar mar gjin pryske gund wurdt troch it lot. It gelok skyt meastentiids op de grutte bult.

    Nei de tredde en lêste ronde waarden de prizen útdield. Yn de folchoarder fan de winners siet net sa folle ferskil mei ferline jier. De beide earste plakken yn de twa klassen hienen deselde winners as ferline jier. Jelle Wiersma, hoe kin it ek oars, yn de earste klasse en Bauke Bos yn de twadde. Hjirûnder stiet de folsleine útslach. Fansels hoopje wy dat yn septimber elk wer fan de partij wêze sil. It soe ek moai wêze as der dan ek wer ris in ynwenner fan Skearnegoutum oansitte soe. No binne it foar de helte âld-Skearnegoutumers.

     

    Utslach kompetysje. Earste klasse: 1 Jelle Wiersma 15½ út 16; 2 Willem Schaap 10 – 15; 3 Sjoerd Jan Bakker 10 – 16; 4 Dicky van der Meer 9 – 16; 5 Cor Kooistra 8 – 16; 6 Bauke Dykstra 6½ - 12; 7 Ype Boelens 6 – 17.

    Twadde klasse: 1 Bauke  Bos 9½ út 17; 2 Bauke de Boer 9 – 16; 3 Sjoerd Huitema 7- 15; 4 Paul Borghaerts 5 – 8; 5 Tineke Teigeler 4½ - 16; 6 Hennie de Haan 1- 12; 7 Hester Boelens 2 – 5; 8 Hessel Boelens 0 – 2.

     

    (Tekst: Cor Kooistra)

     



    << Terug


    Sponsors:

    • Walinga
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Narwal
    • D. Kuipers
    • Attema Heeg
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Leanbedriuw Okkema
    • Noflik
    • Wiersma Wommels
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Lip en partners
    • Rabobank
    • Repko Sneek
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    Dizze webside is mei mooglik makke troch