• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THUIS ACTUEEL FRIES DAMMEN JEUGD DAMBOND CONTACT
  • NIEUWS
  • RUBRYK
  • AGENDA
  • Live

    ARCHIEF

    2019
  • Nestor Bauke de Boer wûn de earste th
  • Persoanlik kampioenskip ‘tredde acht
  • Loting 1e ronde Fryslan kup
  • De soan pakt syn heit even aardich oan
  • Sjoerd Huitema hie mear fertsjinne.
    >> meer

    2018
  • Tiidneed brekt Sjoerd Huitema wol fake
  • Taeke Kooistra winner Stryk-ta troch S
  • Spullen foar de Fryslân Kup soargen f
  • Skearnegoutum op en nij minikampioen
  • In bysûnder sinteklazefeest by de Str
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • ‘Tredde Acht’ Persoanlik Kampioenskip

     

    Wy sykje: kandidaten foar de ‘Tredde Acht’ Persoanlik Kampioenskip

     

    Al in tal jierren soene wy graach mear minsken hawwe dy’t meidogge oan it kampioenskip Frysk Damjen yn de ûnderste groep fan acht, de saneamde ‘Tredde Acht’.

     

    Yn de bûnsgearkomste fan oktober is besletten om dit jier by wize fan proef it kampioenskip yn de saneamde ‘Tredde Acht’ en ek de oanrin dêrhinne justjes oars oan te pakken.

     

    Alderearst: de wedstriden yn de ‘Tredde Acht’ wurde útsmard oer de tiid fan novimber oant en mei febrewaris. Trije fan ’e sân omlopen wurde tagelyk spile mei wedstriden yn de oare beide groepen; de oare fjouwer wedstriden wurde earder spile. It folsleine skema sjocht der sa út:

    • moandei 18 novimber (Skearnegoutum), 1e omloop
    • tongersdei 28 novimber (De Gaastmar), 2e omloop
    • moandei 16 desimber (Aldegea), 3e omloop
    • freed 17 jannewaris 2020 (Blauhús), 4e omloop
    • tiisdei 4 febrewaris (Jorwert), 5e omloop
    • sneon 15 febrewaris (Skearnegoutum), 6e en 7e omloop

     

    Seis dammers binne al pleatst foar it PK yn de ‘Tredde Acht’: Liuwe Westra, Fedde Wiersma, Siebren Dyk, Dicky van der Meer, Ype Boelens en Piet Sikma. Der binne dus noch twa plakken frij.

     

    Twad: de pleatsingswedstriden foar de beide leste plakken wurde spile op: 

    • moandei 21 oktober (It Terphûs, Hartwert), 1e foaromloop
    • freed 1 novimber (SieSa, Blauhús), 2e foaromloop
    • moandei 11 novimber (It Joo, Aldegea-SWF), 3e foaromloop

    De wedstriden begjinne om 20:00 oereDe tinktiid is 1:30 oere.

     

    Der wurd spile yn ien pûl as der 3 of 4 dammers binne, en yn twa pûls fan fjouwer as der 7 of 8 dammers binne en yn in pûl fan seis mei twa groepen fan trije as der 5 of 6 dammers binneDe twa pûlwinners pleatse har dan foar de ‘Tredde Acht’. Binne der mear as 8 kandidaten, dan wurkje wy mei mear pûls. Der wurd damt neffens de skema’s dy’t opnommen binne yn art.4 fan ‘Aanvullende reglementen, A. Wedstrijden door clubs georganiseerd’. Ek art. 5 út dat reglemint is fan tapassing.

    De lotting fynt plak op moandei 21 oktober (om 20:00 oere) yn Hartwert.

     

    Opjaan foar de pleatsingswedstriden

     

    Dammers kinne harren opjaan by skriuwer Fedde Wiersma:

    e-mail:  wiersmafedde@gmail.com

    tillefoan/app: 06 – 21378700

    Opjaan foar sneon 19 oktober 21:00 oere!

    (by opjaan ek e-mailadres en 06-nummer trochjaan)

     

    Ek foar fragen ensfh. kinne jimme kontakt opnimme mei Fedde.

    Wy hoopje dat dizze proef slagget en rekkenje op in moai ploechje dammers!

     

     

    Út namme fan it bestjoer,

     

    Fedde Wiersma, skriuwer

    1

     



    << Terug


    Sponsors:

    • Rabobank
    • Leanbedriuw Okkema
    • Repko Sneek
    • Walinga
    • D. Kuipers
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Lip en partners
    • Wiersma Wommels
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Attema Heeg
    • Noflik
    • Narwal
    Dizze webside is mei mooglik makke troch